Sybrand Buma is tsjin prikplicht: "Maar niet-vaccineren mag consequenties hebben"

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, ek foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, sjocht neat yn faksinaasjetwang. "Ik zou zelf niet voor een vaccinatieplicht zijn. Ik vind het nogal wat, om feitelijk een naald te steken in iemand die niet wil."
© Omrop Fryslân
Buma lit der gjin twivel oer bestean: "Vaccineren is de weg uit deze crisis. Dat is echt heel belangrijk." Dochs hopet hy net dat it regear twang ynsette moat om minsken safier te krijen. "Het is goed dat die vraag gesteld wordt, maar ik zou zelf die kant niet op willen."

Net prikke mei gefolgen hawwe

Net-faksinearre minsken hoege lykwols ek net op Buma syn meilijen te rekkenjen. "De keuze is vrij, maar niet zonder gevolgen. Niet-inenten mag best consequenties hebben. Voor niet-gevaccineerden is er bijvoorbeeld een grotere horde om naar het café te gaan, omdat zij zich moeten laten testen. Daar heb ik alle begrip voor."
Sybrand Buma docht mei klam in oprop ta faksinaasje:
Buma kin him net altyd fine yn de besluten fan it kabinet wat it coronabelied oanbelanget, jout hy ta. "Dat komt natuurlijk wel voor. Waar ik zelf van dacht 'goh, dit is wel hard' is de maatregel om de amateursport na 17.00 uur te verbieden."
Buma seit de sportbeheining "op z'n minst op het randje" te finen:
Sels hie Buma dêr leaver in leeftiidsgrins by ynsteld. "Ik had het mooi gevonden als het mogelijk was geweest om het sporten tot 18 jaar wel toe te staan. Maar we zijn een democratie. Het is heel simpel, mijn taak is het uitvoeren van het beleid. Ik kan alleen maar hopen dat bij het versoepelen van maatregelen deze weer op de voorgrond staat."

Beheining amateursport: bittere pil

Oan de oare kant snapt Buma de logika efter de hurde line ek wol. "Alles om 17.00 uur dicht, dat moet duidelijk zijn. Ik denk dat het effect er wel is." Mar by eintsjebeslút hâldt it wol yn dat der minder beweegd wurdt, ek troch jongelju. En dat fynt Buma wol begrutlik.
De krityk dat de boosterprik te let komt, fynt Buma wat te maklik. Hy sjocht de GGD hurd wurkjen en jout ek oan dat it sentimint yn de simmer hiel oars wie.
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Sybrand Buma.
Buma syn eigen gemeente kaam yn de ôfrûne moanne twa kear min yn it nijs. Op 13 novimber ûntstiene der ûngeregeldheden yn de Ljouwerter binnenstêd nei't de hoareka twongen wie om 20.00 oere de doarren te sluten.

Sfear sloech om

Yn earste ynstânsje wiene jongelju oan it sjongen en drinken, mar letter sloech de sfear by it Saailân om en moast de ME yn aksje komme. Der waarden 16 minsken oanholden.
Boargemaster Buma hie de hoareka in twangsom oplein dy't oant 10.000 euro oprinne koe. Dat middel bliuwt Buma ferdigenjen.
Buma: "Een dwangsom is niet bedoeld om je te laten betalen, maar om je te laten doen wat al moet: je café dicht houden."
It wie bedoeld om eskalaasje foar te kommen. "Het probleem was dat de horeca 's ochtends luid en duidelijk riep open te blijven. Toen ik dat hoorde in de auto, wist ik: dit gaat mis. Dan kun je in mijn ogen maar één ding doen: hard aan de noodrem trekken en voorkomen dat het uit de hand loopt."

It rûn op 'e nij út de klauwen

In wike letter gie it lykwols op 'e nij mis. By it Cambuurstadion wiene jongelju oan it rellen. Fanwege de oanskerpe maatregels mocht der gjin publyk by de wedstriid wêze. Plysje en ME waarden bekûgele mei fjoerwurk en hiene te krijen mei ekstreem geweld. Der binne sân minsken oanholden.
Nettsjinsteande beide reljûnen wol boargemaster Buma net in direkte link mei it coronabelied lizze. "Ik durf de rellen niet een-op-een met weerstand in samenleving te voegen. Want het is een heel apart clubje dat zo tekeer is gegaan."
Ik vrees dat in een crisis die zo lang duurt, zo zwaar is en zo onvoorspelbaar is, de boosheid toeneemt.
Boargemaster Sybrand Buma
De boargemaster sjocht wol dat er ûnfrede is en dat dit benammen troch de ûnfoarspelberens fan de coronakrisis komt. "Ik vrees dat in een crisis die zo lang duurt, zo zwaar is en zo onvoorspelbaar is, de boosheid toeneemt." De polarisaasje tusken ferskate groepen neamt Buma 'heel zorgelijk.'

Coronakrisis is noch net oer

Buma: "Ik hoop dat we in de samenleving een beetje het gevoel krijgen dat we er samen in zitten. De regering heeft het niet verzonnen. Dit duurt nog wel even. We moeten mensen niet voorspiegelen dat het over drie maanden voorbij is. We weten het gewoon niet."
De cartoon fan Gerco van Beek oer Sybrand Buma © Omrop Fryslân