LTO benaud foar ynkommen boer by oars besteegjen Europeeske subsydzje

Lânbou-organisaasje LTO Nederland is benaud dat it ynkommen foar boeren flink ôfnimme kin. Trochdat it regear Europeeske subsydzjes oars besteegje wol, soene boeren úteinlik 30 persint fan dy subsydzjes misrinne kinne.
In boer by Tsjummearum © ANP
It giet om subsydzje de bunder dy't boeren gewoanwei foar eltse hektare krije kinne as sy oan in tal betingsten foldogge. It regear stelt lykwols foar om in part fan dit jild te ferpleatsen nei in potsje dat foar saneamde ecoregelingen bedoeld is. Dat moat stap foar stap dien wurde, mar neffens LTO betsjut dit in 'zware achteruitgang' op it ynkommen.
LTO Nederland hat it gefoel dat it jild 'ôfpakt' wurdt fan de boeren. De plannen fan demisjonêr minister Carola Schouten wurde takom wike woansdei bepraat yn de Twadde Keamer. Ein dit jier moat der in foarstel yn Brussel lizze.
Harkje nei Trienke Elshof fan LTO Noord