Feestsjonger Arie Ribbens (1937-2021) betocht: 'Eindhovense Drachtster'

Feestsjonger Arie Ribbens is freed op 84-jierrige leeftiid ferstoarn. Ribbens wie fan oarsprong Eindhovenaar, mar wenne ek lang yn Drachten en Beetstersweach. Op sosjale media wurde oantinkens oan him ophelle.
Arie Ribbens (1937-2021) © ANP
Arie Ribbens waard yn 1937 yn Eindhoven berne. Nei ferskate bands waard Ribbens benammen bekend om syn feestmuzyk en karnavalsnûmers, lykas Brabantse nachten zijn lang en Polonaise Hollandaise. Hy bruts yn 1980 troch en bleau sa'n tritich jier lang nûmers útbringen. Syn lêste album kaam yn 2013 út.
Ribbens stie ek op it poadium mei Sjoukje Smit as it duo Mouth & MacNeal, as ferfanger fan de oarspronklike Mouth, Willem Duyn.
De sjonger hie al in skoft te lijen fan syn sûnens. Yn 2015 moast hy fan needs ophâlde mei sjonge troch skansearre stimbannen. Yn 2009 en yn 2016 waard lonkanker by him konstatearre. Neffens Ribbens syn managementburo is hy freedtemoarn 'in alle rust' ferstoarn.

Lang yn de Wâlden wenne

Ribbens fêstige him om 1970 hinne yn Drachten. Mei syn orkest hie hy doedestiids de measte optredens yn it Noarden, dêrom socht er hjir in plakje. Yn it ferline hat er wol sein dat er it geunstich wenjen fûn. Hy koe sa it wetter op om te silen en syn frou en dochters hiene it nei de sin.
Yn de jierren 80 hinne ferhuze Ribbens nei Beetstersweach, dêr't er noch in lytse 20 jier wenne. Yn it ferline wenne hy ek noch efkes yn De Rottefalle. Uteinlik ferhuze hy nei Dútslân ta en it lêste skoft wenne hy wer yn Nederlân.

Earste singeltsje by Ribbens

Op sosjale media wurde oantinkens oan de 'Eindhovense Drachtenaar' ophelle. In soad minsken witte noch yn 't sin te bringen dat Ribbens in platesaak oan de Noardkade yn Drachten hie. Guon kochten harren earste singeltsje yn de winkel. Ribbens wenne doe op de Steenkerk.
Omrop Fryslân wie by Arie Ribbens thús yn 2001: