By de GGD binne 6500 oanmeldingen binnen kaam om te helpen by de boosterkampanje. Dat seit oerkoepeljende organisaasje GGD GHOR Nederlân.
Sûnt freed kinne minsken har oanmelde op de webside GGDreservisten.nl. Al yn de earste oeren wiene der likernôch 1500 minsken dy't helpe woene. De GGD seit dat it "echt hartverwarmend is dat individuele burgers en organisaties zich in zulke groten getale aanmelden."
Under de frijwilligers sitte studinten, mar ek skoallen, bedriuwen, toskedokters en in sportskoalleketen. De GGD lit witte dat se noch sykje nei lokaasjemanagers, administrative meiwurkers en callcentermeiwurkers.