Liveblog | 4 desimber 2021

Coronanijs 4 desimber: Prinses Beatrix (83) test posityf op coronafirus, sit yn thúsisolaasje

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 4 desimber 2021, 23:01
sneon 4 desimber 2021
23:00

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog. Tank foar it folgjen. Moarnier is der wer in liveblog.
21:11

RVD: Prinses Beatrix posityf test op coronafirus

Prinses Beatrix is posityf test op it coronafirus. Dat meldt de RVD.
"Hare Koninklijke Hoogheid Prinses Beatrix de Nederlanden is positief getest op corona. Prinses Beatrix heeft zich in verband met milde verkoudheidsklachten laten testen. De Prinses is thuis in isolatie en houdt zich aan de leefregels voor mensen die positief getest zijn. Personen die in nauw contact zijn geweest met Prinses Beatrix zijn geïnformeerd."
Beatrix wie foarige wike noch foar in wurkbesite op Curaçao. Dêr fertelde se oan de parse dat se har boosterprik al hân hat.
19:01

Tûzenen minsken wolle GGD helpe mei prikken

Sa'n 6.500 minsken ha har meld by de GGD omdat se helpe wolle mei it setten fan boosterprikken. Koepelorganisaasje GGD GHOR Nederlân is dêr troch rekke, seit in wurdfierder.
"Het is fantastisch dat burgers en organisaties zich in zulke groten getale melden." Neffens de GGD komme de oanmelders "vanuit alle hoeken van de samenleving".
18:53

GGD Hollands Midden hâldt op mei boosterprikken sûnder ôfspraak.

De GGD Hollands Midden hâldt op mei it oanbieden fan boosterprikken sûnder ôfspraak.
Mear as 2100 minsken ha hjoed sûnder ôfspraak in boosterprik tsjin corona krigen by de GGD Hollands Midden. It wie de hiele dei drok by de priklokaasjes.
It ferkear rekke ferstopt, en dat wie net de bedoeling. "Er komen bij de priklocaties ook nog mensen voor een eerste of tweede prik en er zitten testlocaties vlakbij", sei in wurdfierder fan de GGD.
Oft oare regio's minsken sûnder ôfspraak in booster jaan sille, is net bekend. De lanlike regel feroaret net, seit de GGD-koepel: "Van oud naar jong en op basis van uitnodiging".
16:31

Maarten van der Weijden swimt opnij yn Fryslân; publyk net wolkom

Van der Weijden swimt fan 10 oant en mei 13 desimber yn in spesjaal swimbad in ôfstân fan 200 kilometer. Publyk is net wolkom, yn ferbân mei de maatregels dy naam binne om fersprieding fan it coronafirus safolle mooglik te beheinen.
Dochs kinne minsken wol mei him meiswimme. Dêrfoar komt der in twadde swimbad te stean njonken it bad dêr't Van der Weijden sels yn swimt.
15:30

RIVM meldt 774 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 774 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 104 minder as freed. Doe waarden 878 besmettingen meld.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 22.723. Dat is heger as it trochsneed fan ôfrûne wike, dat op 21.666 besmettingen lei.
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat is in ynwenner fan de gemeente Harns.
Der binne sân Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân (twa), Achtkarspelen, Ljouwert, Eaststellingwerf, Smellingerlân en Dantumadiel.
15:19

Patiëntenfederatie: foarrang boosterprik foar kwetsbere 60-minners

De Patiëntenfederatie wol dat kwetsbere minsken fan ûnder de 60 foarrang krije yn de boosterprikkampanje. De federaasje hat dat sneon witte litten oan de Twadde Keamer.
"De tijd dringt voor 60-minners met een kwetsbare gezondheid", seit Dianda Veldman fan de Patiëntenfederatie. Se seit dat jonge minsken mei in kwetsbere sûnens earder al wol foarrang krigen yn de faksinaasjekampanje. "Iemand van 25 jaar met een ernstige spierziekte zoals Duchenne kreeg de eerste vaccinatie in maart 2021 en de tweede rond april." Minsken ûnder de 60 komme fan jannewaris ôf oan bar foar in boosterprik.
15:02

Tûzenen minsken wolle helpe by boosterfaksinaasje

By de GGD binne 6500 oanmeldingen binnen kaam om te helpen by de boosterkampanje. Dat seit oerkoepeljende organisaasje GGD GHOR Nederlân.
Sûnt freed kinne minsken har oanmelde op de webside GGDreservisten.nl. Al yn de earste oeren wiene der likernôch 1500 minsken dy't helpe woene. De GGD seit dat it "echt hartverwarmend is dat individuele burgers en organisaties zich in zulke groten getale aanmelden."
Under de frijwilligers sitte studinten, mar ek skoallen, bedriuwen, toskedokters en in sportskoalleketen. De GGD lit witte dat se noch sykje nei lokaasjemanagers, administrative meiwurkers en callcentermeiwurkers.
14:41

Tal coronapasjinten yn Nederlân nimt fierder ôf

Yn de Nederlânske sikehûzen lizze no 2670 coronapasjinten. Dat meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding. It binne 58 pasjinten minder as in dei lyn. Fan tongersdei op freed wie der ek al in delgong fan it tal minsken dat mei Covid-19 yn it sikehûs leit. Der lizze op it stuit 597 minsken mei Covid-19 op de ic's.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Der binne ek in soad minsken dy't om in oare reden op de ic lizze. Kommende moandei wurdt it tal bêden op de Nederlânske ic's dêrom ferhege fan sa'n 1150 nei 1250 bêden. Dêrfoar moat oare soarch útsteld of skrast wurde.
12:57

Drokte yn winkelstrjitten fanwegen pakjesjûn

It is drok yn de Nederlânske winkelstrjitten mei minsken dy't noch kado's keapje wolle foar Sinteklaas. De drokte is wol goed te hanthavenjen en minsken hâlde harren oan de coronaregels, sizze ferskate winkelketens.
Ek detailhannelorganisaasje InRetail seit dat der in "soepel verloop" is. De organisaasje hie de winkels earder frege om promoasjes foar de feestdagen sa folle as mooglik te sprieden oer meardere dagen. Minsken waarden oproppen om benammen op rêstige mominten te winkeljen.

'Zelf ervaren'

Dat it drok is, sjogge se bygelyks yn Easterwâlde. By boartersguodwinkel TreintjeOost ferkeapje se fia ynternet, mar ek yn de winkel sels komme in protte minsken. "Gelukkig liep onze webwinkel in het voorjaar al goed, daardoor konden we wel doorgaan. Maar de fysieke winkel blijft het belangrijkste. Mensen willen het graag zelf ervaren."
Minsken binne op jacht nei de lêste Sinteklaaskadootsjes
12:00

Positive coronatests oeral yn Nederlân tanaam, allinne yn Staphorst net

Oeral yn Nederlân is it tal positive tests tanaam yn de ôfrûne wiken. Allinne yn Stahorst gie it tal coronabesmettingen omleech.
Eilângemeenten Amelân, Flylân en Skiermûntseach hearre by de gemeenten dêr't it tal positive tests it leechst wie yn de moanne novimber.
Op Skiermûntseach gie it om 8 tests, op Flylân wiene it der 27 en op Amelân gie it om 30 positive tests. Flylân is lykwols ek de gemeente dêr't it tal positive tests it rapst omheech gie, nammentlik mei 1250 persint.
10:45

Skypystes iepen yn Frankryk, wol noch strange coronaregels

Wintersport yn Frankryk © ANP / Goos van der Veen /Hollandse Hoogte
Dit wykein geane de skypystes yn Frankryk wer iepen, mar der binne noch in protte strange coronaregels yn it lân. Sa is de coronapas ferplichte. Dy jildt ek foar toeristen.
Yn Eastenryk geane de pystes ek iepen, mar dêr jildt noch in lockdown dy't yn elts gefal oant 13 desimber duorje sil.
09:21

Veiligheidsregio Fryslân warskôget foar it firus op pakjesjûn

09:03

Boargemaster Sybrand Buma wol gjin prikplicht

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, ek foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, sjocht neat yn faksinaasjetwang. Dat sei hy freedtejûn yn It Polytburo by Omrop Fryslân. "Ik zou zelf niet voor een vaccinatieplicht zijn. Ik vind het nogal wat, om feitelijk een naald te steken in iemand die niet wil."
"Vaccineren is de weg uit deze crisis. Dat is echt heel belangrijk", sei hy. Dochs hopet de boargemaster net dat it regear twang ynsette moat om minsken safier te krijen. "Het is goed dat die vraag gesteld wordt, maar ik zou zelf die kant niet op willen."
08:20

Bernedokters: yn guon gefallen ek prik foar sûne bern

© ANP
Bernedokters pleitsje derfoar dat âlden fan sûne bern fan 5 oant en mei 11 jier, yn guon gefallen ek kieze moatte kinne foar in prik foar harren bern.
Yn it NOS Radio 1 Journaal sei Károly Illy, foarsitter fan de Nederlandse Vereniging voor Kindergeneeskunde, dat in bern yninte wurde moatte kin as in pake, beppe as in kwetsber famyljelid faak op it bern past. Dochs wurket de Gezondheidsraad noch oan in advys hjiroer.
Earder wiene bernedokters minder te sprekken oer faksinaasje foar bern, om't it net drekst wat opsmyt foar de bern sels. Bern dy't sûn binne soene dan in prik krije om't in soad folwoeksenen har net oan de coronaregels hâlde, sa wie de redenaasje.
freed 3 desimber 2021
07:00

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan sneon 4 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.