Femke Kok ferbetteret njoggen jier âld Nederlânsk rekôr op 500 meter

Reedrydster Femke Kok hat it hast njoggen jier âlde Nederlânsk rekôr op de 500 meter ferbettere. Yn Salt Lake City ried se 37,01. Dat is fiif hûndertsten rapper as it âlde nasjonaal rekôr fan Thijsje Oenema.
De histoaryske race en de reaksje fan Femke Kok:
De Hearrenfeanse Oenema ried op 27 jannewaris 2013 nei in tiid fan 37,06, doe ek yn Salt Lake City. Nei hast njoggen jier wurdt dat dus ferbettere troch Femke Kok, dy't mei de rappe tiid tredde waard yn de wrâldbekerwedstriid.
Kok is tige wiis mei it rekôr, sei se nei ôfrin tsjin de NOS. "Dit is wer ris wat oars. Ik fielde my al supergoed. Yn de training gong it ek hiel lekker. It wie gewoan in goede rit no. Doe't ik oer de finish kaam, hie ik earlik sein noch gjin idee hoe hurd ik ried."
Tagelyk sjocht se ek nei de konkurrinsje. De winst yn Salt Lake City gong nei Erin Jackson, dy't mei 36,80 in persoanlik rekôr ried. Jackson wûn oant no ta alle wrâldbekerwedstriden op de 500 meter.
Miskien sit der dan noch mear yn.
Femke Kok
"Mar it ferskil is lytser as de ôfrûne wiken", seit Kok. "Jackson iepenet hast twa tsienden rapper. Ik hoopje dat myn iepening moarn wer wat rapper is. Miskien sit der dan noch mear yn."
It wie noch net it seizoen fan Femke Kok. Yn de foarige wrâldbekers waard se njoggende, tolfde, alfde en achtste. En dat wylst se ôfrûne seizoen hast net te ferslaan wie.

Nocht oan sneon

Mar se fielde har al goed op de training yn Amearika en bewiist dat no yn de wedstriid: Kok is no de rapste Nederlânske frou ea op de koartste ôfstân. "Ik tink dat ik ferline jier noch tsien prosint better wie. Ik hoopje dat der moarn noch mear útkomt. Ik baalde noch in bytsje dat ik hjoed krekt gjin 36'er ried. We sjogge moarn wol wer."

Persoanlik rekôr Michelle en Antoinette de Jong

Michelle de Jong einige op de 500 meter mei 37,56 op it trettjinde plak. De tiid is foar har ek in persoanlik rekôr.
Yn de B-groep kaam Marrit Fledderus út Sint-Nyk ta 38,23. De Harnzer Ellia Smeding, dy't útkomt foar it Feriene Keninkryk, ried 39,77.
Op de 3.000 meter ried Antoinette de Jong nei in nij persoanlik rekôr. Se notearre 3.55,19. Allinnich Irene Schouten wie rapper: dy bleau mei 3.52,90 mar krekt boppe it wrâldrekôr. De tiid fan Schouten is wol in nij Nederlânsk rekôr. It brûns wie foar it Noarske talint Ragne Wiklund.

Byrol foar Friezen op 5.000 meter

Jorrit Bergsma en Marwin Talsma kamen op de 5.000 meter net yn 'e buert fan in medalje. De oerwinning gie, lykas by de earste wrâldbeker, nei Nils van der Poel. Ditkear ried de Sweed yn 6.01,56 in nij wrâldrekôr.
Goed acht sekonden dêrefter einige Bergsma op it sechde plak. Hy ried 6.09,94. Talsma waard yn 6.15,84 tolfde. Patrick Roest pakte it sulver en wie de beste Nederlanner. It brûns gie nei de Italiaan Davide Ghiotto.