HEA! Fisker mei ljochtallergy

Oft hy de twa grouwe snoeken echt fongen hat, moatte we mar leauwe. De fangst fan Reint Boiten stiet yn alle gefallen fêst op de mobile telefoan. De iene snoek is 87 sintimeter en de oare 98. Sportfiskje is in grutte hobby fan Reint. Jierrenlang siet er binnen, om't er ljochtallergy hat. Syn hûd ferdraacht mar min sinneljocht. Sûnt goed twa jier hat er medisinen en kin er wer feilich nei bûten. Fiskje is foar him frijheid. Carpe diem, plôkje de dei, is syn libbensmotto.
HEA! Goeie Akkrum fisker