Frijwilligers wurde mei sûkeladeletters oerhelle op It Hearrenfean

Minsken entûsjast krije foar frijwilligerswurk, dêr set frijwilligersorganisaasje Caleidoscoop fan It Hearrenfean op yn. Sy diele dizze dagen sûkeladeletters út op It Fean om minsken bewust te meitsjen fan de wearde fan frijwilligerswurk.
Linda van de Pol dielt letters út op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Goedenavond, mag ik jullie een chocoladeletter aanbieden?" Mei dizze fraach begjint Linda van de Pol alle petearen mei de minsken dy't sy op strjitte tsjin it liif rint. Mei in blauwe tas fol mei sûkeladeletters yn de oanslach hopet sy safolle as mooglik minsken te sprekken.

It sit 'm yn de lytse dingen

Van de Pol: "Wy dogge dit om frijwilligerswurk ûnder de oandacht te bringen. It probleem by frijwilligerswurk is dat minsken gauris tinke oan grutte dingen, sa as de hiele dei mei âlderein op 'en paad. Mar dat hoecht net altyd sa te wêzen. It sit 'm yn de lytse dinkjes, sa as it helpen fan de bern op de sportklup. Dat is ek al wurk. Wy wolle dat oan de minsken oerbringe."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort gie mei op 'en paad
Nei't Linda binnen in kertierke al tsien letters kwyt is, rint sy in frou tsjin it liif dy't op har bern wachtet út skoalle wei. De frou nimt laitsjend de letter oan. "Ik sta er eigenlijk niet zo bij stil, maar het blijkt dus dat ik eigenlijk best veel vrijwilligerswerk doe. Ik help op de turnclub van mijn dochter bij het klaarzetten van alle toestellen. Eigenlijk ben ik best wel trots dat ik wat meer doe dan ik verwacht had."

Foar de mienskip

"Dit binne dus de reaksjes dy't wy wolle," seit Linda. "It sit him net yn grutte dingen. In lyts dinkje foar de mienskip dwaan is al moai. Op dizze wize binne we rap troch de letters hinne."