Orizjinele opname mei sjongende mem Piter Wilkens dûkt op yn Omropargyf

In nûmer út 1966 fan de mem fan Piter Wilkens, Ymie bij de Ley, is nei speurwurk fûn yn de argiven fan Omrop Fryslân en de eardere RONO. Wilkens wie tongersdei te gast yn it programma Goeiemiddei en hat dêr de âlde tape wer hearre litten.
Piter Wilkens is emosjonearre nei it hearren fan syn mem har stim:
De muzikant wie twa wiken lyn ek te gast om te praten oer de Fryske top 100 en fertelde doe oer it nûmer It âlde jier, dat hy tippe foar de list. Hy sei doe dat hy it nûmer noch graach ris in kear hearre wolle soe.
Nei in fersyk by it argyf en nei speurwurk fan in oantal meiwurkers binne de orizjinele tapes mei de âlde opnamen weromfûn.

Aldjiersspecial

It nûmer It âlde jier stiet op in tape út 1966. Op dy tape stiet in âldjiersspecial mei ûnder oare ferbinende teksten fan Johan van der Zee (Van Gewest tot Gewest), Joop Verbeke, Rients Gratama, Tetman de Vries en dus ek de mem fan Piter Wilkens, Ymie bij de Ley.
Piter Wilkens © Omrop Fryslân
Doedestiids wie der noch gjin Omrop Fryslân, mar wie der foar Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel de RONO, in omrop foar meardere provinsjes. De bannen binne goed bewarre bleaun.

Emosjonearre

Wilkens wie sichtber emosjonearre yn de studio fan Omrop Fryslân. Syn mem ferstoar yn 2017 en Wilkens hat it ferske destiids sels ek op it Frysk Sjongers Gala live songen. No't de bân wer op de recorder kaam, kaam syn mem har stim wer ta libben.
"It klinkt ek út dy tiid, dy piano ek", seit Wilkens. "Ik wist dat myn mem moai sjonge koe. Se wie doe 33. It is echt in famkesstim, mar it is dúdlik myn mem. Dat docht dy wol wat, it is moai, hiel moai. Ik tink dat de hiele famylje der bliid mei is."
Sjoch hjir nei it folsleine ynterview en harkje nei it nûmer: