Dy wer even bern fiele op it NK plassen stampen: "Het gaat om de creativiteit"

Wa hat as bern net lekker blabbere yn de wetterplassen? Guon fan ús binne dat op lettere leeftiid wat ferleard, mar eins bliuwt it altyd in feestje. Om minsken op in ludike manier by de natuer te belûken, organisearret Steatsboskbehear dizze wike it NK plassen stampen foar elkenien. Oant 8 desimber kinne filmkes mei de bêste stampers ynstjoerd wurde. De winner krijt as priis in priveekuier mei in boskwachter.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen lit sjen hoe't it moat: