Wetterbedriuwen: 'Nei ierdwaarmte boarje yn drinkwettergebiet jout risiko's'

Wetterbedriuwen roppe op om net nei ierdwaarmte te boarjen yn drinkwettergebieten. By it boarjen nei ierdwaarmte wurde gemikaliën brûkt en dat kin in risiko wêze foar grûnwetter dat bestimd is foar drinkwetter, fynt ek Vitens.
De boarynstallaasje oan de súdkant fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De wetterbedriuwen meitsje harren soargen oer alle 'mynbou-aktiviteiten'. Dat binne aktiviteiten dêr't yn de grûn by boarre wurde moat.
Mei it each op de takomst moat der in skieding yn funksjes komme tusken drinkwetter en mynbou, fynt de feriening foar wetterwinbedriuwen yn Nederlân Vewin tegearre mei it Interprovinciaal Overleg (IPO).

Meardere plakken yn Fryslân

Foar it boarjen nei ierdwaarmte, oftewol geotermy, wurde hieltyd faker fergunningen ôfjûn. By Ljouwert binne boarringen dien yn in proefopstelling. De útkomsten dêrfan foelen ôf, omdat der net genôch wetter wie. It ûndersyk giet fierder.
Der binne ek plannen foar ierdwaarmte yn de nijbouwyk Middelsee besuden Ljouwert dy't yn oanlis is. Fierders binne der ûnder oare op Flylân en yn Boalsert plannen foar ierdwaarmte of der wurdt ûndersyk nei dien.

Gemikaliën

Aktiviteiten fan ierdwaarmte kinne de wetterkwaliteit yn gefaar bringe. Dat komt troch de gemikaliën dy't yn de grûn brocht wurde. De provinsjes en de drinkwetterbedriuwen wolle dat it ryk soarget foar in goede beskerming fan takomstige wetterfoarrieden.
De tsien drinkwetterbedriuwen freegje tongersdei omtinken foar it probleem by de Twadde Keamer. Vitens is ien fan harren. It bedriuw hat ek in kantoar yn Ljouwert.

Mear fraach nei drinkwetter

De fraach nei drinkwetter nimt ta, it klimaat feroaret en drinkwetterboarnen wurde bedrige. Dêrom moatte der ekstra foarrieden oan grûnwetter komme dy't as drinkwetter brûkt wurde kinne.
Oer in lytse tweintich jier kin de fraach nei drinkwetter yn trochsneed mei 30 prosint groeid wêze. It is net fanselssprekkend dat der genôch drinkwetter fan goede kwaliteit is, sa fine de Vewin en it IPO, en dêrom moat der net mear boarre wurde yn drinkwettergebieten.

Al yn 2017 warskôge it SodM

It Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) warskôge yn 2017 al foar de risiko's fan ierdwaarmte. De partijen dy't harren dêrmei dwaande hâlde, meitsje te min melding fan de risiko's dy't it winnen fan waarmte út de grûn hawwe kin. Sa kinne de grûn of it drinkwetter fersmoarge reitsje, wie doe ien fan de punten fan krityk.