Roozemond jier langer direkteur by sc Hearrenfean

Direkteur Cees Roozemond bliuwt in jier langer by sc Hearrenfean. De klup hat syn kontrakt ferlinge oant mids 2023. Roozemond (62) is sûnt 2019 algemien direkteur by Hearrenfean.
Cees Roozemond © sc Hearrenfean
Egbert van Hes, foarsitter fan de ried fan kommissarissen, fynt dat de klup ûnder lieding fan Roozemond goed op wei is nei mear stabiliteit, resultaat en kontinuïteit. "Het stichtingsbestuur en de raad van commissarissen vinden dat de club op de goede weg is en zijn daarom blij dat er met Cees Roozemond overeenstemming is bereikt over de tijdige verlenging van zijn contract."
Under Roozemond spylje by Hearrenfean dossiers dy't te krijen ha mei de húsfêsting en de ûntwikkeling fan sportpark Skoatterwâld. "Dit soort processen vragen om zorgvuldigheid en tijd", seit de direkteur. "Ook hierin maken we stappen vooruit."
De coronapandemy soarget wol foar in ekstra útdaging. "Gelukkig is sc Heerenveen een unieke club met warme mensen en een zeer loyale achterban. Wanneer we realistisch blijven en de club stap voor stap blijven ontwikkelen, zijn we samen in staat tot mooie prestaties."