Gemeenten en provinsje wurkje gear tsjin gaswinning: "Den Haag is noch net sa fier"

It is in unyk lûd, seit wethâlder Tytsy Willemsma fan Tystjerksteradiel. Har gemeente lûkt ienriedich op mei trije oare gemeenten, de provinsje én Wetterskip Fryslân yn de striid tsjin gaswinning út de fjilden Tietjerk en Suawoude.
© ANP
Alle seis de partijen fine dat der te folle risiko's sitte oan gaswinning. Yn in sjenswize oan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat litte se witte dat se it net iens binne mei de plannen fan it gaswinbedriuw Vermilion. Dat wol de winning út de fjilden graach trochsette oant 2030 en krijt dêr ek tastimming foar fan it ministearje.
"Us grutste soarch giet om de wetterhúshâlding", seit Willemsma. "Dat is hiel breed. It giet bygelyks om it drinkwetter fan Vitens. Mar ek om de wetterkearingen, riolearringen en oerstreamingsgefaar. De gaswinning soarget derfoar dat de boaiem sakket en dêrmei komt de wetterhúshâlding yn it hiele gebiet faai te stean."

Langer winne

Vermilion hie yn earste ynstânsje tastimming om gas te winnen oant ein dit jier. It Kanadeeske bedriuw woe dat ferlingje en boppedat ekstra gas út de grûn helje. "Dêr ha wy beswier tsjin makke. De minister hat sein dat Vermilion yndie net ekstra gas winne mei, mar jout wol tastimming om troch te gean yn dit tempo. En dêr ha wy problemen mei."
Dan is de objektiviteit yn it geding.
Tytsy Willemsma oer it dûbelde belang fan it ministearje
De wethâlder hat der ek problemen mei dat it krekt it ministearje fan Ekonomyske Saken is dat beslute moat oer tastimming. "Dat is itselde ministearje dat it jild fan de winning krijt. Dêr sit in dûbeld belang. Dan is de objektiviteit yn it geding."

Mynbouwet oanpasse

Soks moat dus oars, as it oan Willemsma leit. En ek dêryn stiet se net allinnich. "Mei partners troch hiel Nederlân dy't by lytse gasfjilden sitte, fine wy dat der sjoen wurde moat nei de mynbouwet. Foar gaswinplannen moat nei fan alles sjoen wurde, mar it draachflak en de impact hoege net metten te wurden."
Tytsy Willemsma © FNP, Rogier Bos
Earder wurke de gemeente Tytsjerksteradiel al gear mei Achtkarspelen yn de striid tsjin gaswinning. No is de groep dus noch grutter. Dat hat syn foardielen, hopet Willemsma. "Faak is it sa dat alle partijen in apart advys jouwe oan de minister. Wy fûnen it in goede saak om soks mienskiplik te dwaan."

Past net yn duorsume ambysjes

Har kollega Max de Haan yn Achtkarspelen tinkt der krekt sa oer. "Beide gemeenten wurkje oan doelstellingen fan de enerzjytransysje. It brûken fan fossile brânstoffen moat minder wurde. Yn dy ambysje past it winnen fan ierdgas net."
"Blykber binne se yn Den Haag noch net sa fier", seit Willemsma. "Der wurdt altyd sein dat der noch gas nedich is, foardat de enerzjytransysje klear is. Mar mei de winning dy't der no is, is der genôch gas. Dêrom wolle wy ynsette op nije boarnen fan enerzjy."
It yntsjinjen fan in sjenswize kin oant en mei hjoed. Dêrnei moat it ministearje in definityf beslút nimme.