Liveblog | 2 desimber 2021

Coronanijs 2 desimber: 860 nije besmettingen | 95 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 2 desimber 2021, 22:30
tongersdei 2 desimber 2021
22:22

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog. Tank foar it folgjen. Moarnier is der wer in liveblog.
20:06

KNVB leit amateurfuotbal A-kategory stil

De KNVB leit de kompetysjes yn de heechste klassen by de amateurs nei kommend wykein stil. It fuotbalbûn nimt dat beslút nei't dúdlik wurden is dat it foarearst definityf net tastien is om nei 17.00 oere te sporten. It stillizzen jildt foar alle teams (sawol senioaren as jeugd fan 13 jier ôf) dy't útkomme yn de saneamde A-kategory (prestatyf). Foar de wat mear rekreative teams (B-kategory) giet de kompetysje oant de winterstop wol gewoan troch. Ek de jongste fuotballers oant en mei 12 jier kinne kompetityf fuotbalje bliuwe.
Kommend wykein is yn de A-kategory gjin regulier kompetysjeprogramma foar de jeugd en senioaren. Op frijwillige basis wurde wol ynhelwedstriden pland. Ek meie se wol ûnderlinge wedstriden spylje, of traine, tusken 05.00 en 17.00 oere. Nei 19 desimber begjint foar elkenien de winterstop.
17:24

Boosterfaksinaasje yn Bennema State Hurdegaryp

Earst de faksins klearmeitsje, en dêrnei prikken sette. Dat wie tongersdei de opdracht fan fjouwer personielsleden fan wensoarchsintrum Bennema State yn Hurdegaryp. Bewenners krigen dêr harren boosterprik, sadat se wer better beskerme binne tsjin it coronafirus.
Der waarden tongersdei 110 boosterfaksinaasjes set yn Bennema State:
16:17

Apotekers wolle helpe mei boosterprikken

© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Apotekers wolle meihelpe by it setten fan de boosterprik. Neffens apotekersferiening KNMP stiet sa'n twatredde fan de efterban dêr posityf tsjinoer. De apotekers ha dan wol in dokter nedich foar it tafersjoch.
Apotekers ha net it foech om sels te faksinearjen. "Maar zonder bagatelliserend te doen, dat is niet heel moeilijk", seit foarsitter Aris Prins.

Militêren

De boosterkampanje komt mar traach op gong. Dêrom moatte ûnder mear militêren, medyske studinten, bistedokters, âld-ferpleechkundigen en âld-dokters by de faksinaasje helpe.
15:36

RIVM meldt 860 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 860 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 270 mear as woansdei. Doe waarden 590 besmettingen meld.
Troch in eardere computersteuring binne yn de ôfrûne dagen lykwols mear positive coronatests registrearre. De besmettingen dy't woansdei net meirekkene waarden, binne no meiteld.
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen yn Fryslân fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Hearrenfean.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean.
15:06

RIVM: Selstesten dy't fergees binne soargje derfoar dat mear minsken in test dogge

Ut ûndersyk fan it RIVM docht bliken dat minsken earder in test dogge as de coronaselstesten fergees en ienfâldich te ferkrijen binne. De testen kinne dan "bijdragen aan het eerder opsporen van het virus en eventueel ook aan het beperken van sociaaleconomische gezondheidsverschillen", sa seit it RIVM.
Der diene 3200 minsken mei oan it ûndersyk fan it RIVM. 42,2 % fan harren tinkt dat se by klachten fuortendaliks op de earste dei in test dwaan sille as se in selstest yn hûs ha. As se die net ha, sil mar 20,5 % in test dwaan, sa docht bliken út it ûndersyk.

Mylde klachten

As minsken thús in selstest dogge, sille se wol wat minder faak in PCR-test by de GGD dwaan. De selstest is net sa betrouber as de PCR-test. Mar as der mear testen dien wurde, sille besmettingen earder fûn wurde, seit it RIVM. Dêrom feroaret dizze freed it testadvys. Wa't mylde klachten hat, kin kieze tusken in selstest en in test by de GGD.
14:37

Húsdokters spylje gjin wichtige rol yn kampanje foar boosterprik

Húsdokters sille gjin wichtige rol spylje yn de boosterkampanje. Dat seit de Landelijke Huisartsen Vereniging. De LHV is wol frege om mei te helpen by it saneamde boosteroffensyf fan it kabinet. Boppedat die in aksjegroep fan húsdokters in oprop om boosterfaksins by net-mobile âldere minsken troch húsdokters sette te litten.
Mar de húsdokters sille gjin fêste rol spylje yn de kampanje en "dat willen we graag zo houden", sa seit in wurdfierder fan LHV.
14:22

Belangeferiening fan âlders yn de berne-opfang komt mei 'Beslisboom'

It kabinet hat mear maatregels naam dy't ek gefolgen ha foar de bern. BoinK, de Belangenvereniging van Ouders in de Kinderopvang, komt dêrom mei in saneamde 'beslisboom'.
13:35

95 pasjinten yn Fryske sikehûzen

Yn Fryslân lizze 95 pasjinten yn de sikehûzen, dêr't 20 fan op de intensive care lizze. Woansdei leinen der 91 pasjinten yn de Fryske sikehûzen, dêr't santjin fan op ic leine.
Yn de trije noardlike provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân lizze byinoar 218 coronapasjinten yn it sikehûs, meldt Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Fan dy pasjinten lizze der 48 op in ic-bêd.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Aise van Beets
12:54

Mear minsken wurde op 'e nij besmet mei Omikron-fariant

Wittenskippers sizze dat mear minsken dy't earder mei de Omikron-fariant besmet wiene, it op 'e nij krije kinne. Dat sjogge se barren yn Súd-Afrika, dêr't de Omikron-fariant fûn waard.
"Een infectie beschermde tegen de Delta-variant, maar bij de Omikron-variant lijkt dat niet het geval", seit ûndersiker Anne von Gottenberg yn in parsekonferinsje fan de Wereldgezondheidsorganisatie (WHO).

Mear as de helte fan de besmettingen

De kommende moannen sil mear as de helte fan alle coronabesmettingen yn Europa in besmetting mei de Omikronfariant wêze. Dat seit ECDC, de Europeeske sûnenstsjinst.
12:37

Gezondheidsraad advisearre "al in september voorbereiding boostercampagne"

De Gezondheidsraad hat al yn septimber advisearre om de boosterkampanje ta te rieden. Dat seit in wurdfierder yn reaksje op krityk fan demisjonêr coronaminister Hugo de Jonge. Dy wiisde woansdei yn de Twadde Keamer nei de ried doe't de fraach kaam wêrom't it faksinearjen mei de boosterprik sa traach giet. De ried bliuwt derby dat der yn septimber noch gjin medysk-wittenskiplike oanlieding wie om útein te setten mei boosters.
"Wij hebben wel op 14 september al geadviseerd: zorg dat je er klaar voor bent, zodra wij positief adviseren over het starten van een boosterprikcampagne", seit de wurdfierder fan de Gezondheidsraad. It advys om mear âldere minsken in ekstra prik te jaan kaam op 2 novimber, mar dochs komt ik faksinearjen mar traach op gong.
11:32

Minsken dy't berne binne yn 1941 kinne ôfspraak meitsje foar de boosterprik

Demisjonêr minister De Jonge sei juster yn de Keamer dat it faksinearjen mei de boosterprik rapper gean sil. Dizze wike faksinearret de GGD nei ferwachting 200.000 60-plussers, nije wike binne dat der 350.000 en yn de wiken dêrnei giet it hieltyd om 700.000 minsken.
It stribjen is dat in sa grut mooglik part fan de 60-plussers en soarchmeiwurkers noch dit jier de boosterprik krijt, sa liet de demisjonêr soarchminister witte.
10:56

Iepen training by sealfuotbalferiening Libertas

De sealfuotbalfroulju fan Libertas © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Snein 3 desimber organisearret sealfuotbalferiening Libertas yn Damwâld in sealfuotbalakademy. It is foar jongerein tusken de 7 en 15 jier.
Troch dizze iepen training, dy't oerdeis plakhawwe sil, wurdt it foar jongerein nettsjinsteande de coronamaatregels dochs mooglik om te sporten, skriuwt de feriening.
09:59

Minsken mei downsyndroom dy't thúswenje krije fan freed ôf útnûging foar boosterprik

Minsken mei it downsyndroom dy't thús wenje, krije fan freed ôf in útnûging foar de boosterfaksinaasje. De útnûgings wurde ferspraat oer inkele wiken ferstjoerd en it bart troch harren húsdokters, seit it RIVM.
© ANP
Yn soarchynstellings kinne minsken mei down al sûnt woansdei 24 novimber de boosterprik krije.

'Sterk verhoogd risico'

Neffens de Gezondheidsraad ha folwoeksenen mei it downsyndroom nettsjinsteande de faksinaasje "een sterk verhoogd risico op ernstige ziekte" troch Covid-19. "Dit risico is vergelijkbaar met het risico voor mensen van 60 jaar en ouder. Daarom krijgen zij versneld een boostervaccinatie aangeboden", seit it RIVM.

Thús faksinearje

Minsken dy't net nei de faksinaasjelokaasje komme kinne, wurde nei ynstimming troch har húsdokter oanmeld by de GGD. De GGD makket dan in ôfspraak om de boosterprik by de minsken thús te jaan. Dat jildt ek foar minsken mei it downsyndroom dy't net nei de faksinaasjelokaasje komme kinne.
09:31

NOC*NSF en KNVB hoopje dat minsken dochs langer sporte meie

Sportkoepel NOC*NSF en fuotbalbûn KNVB hoopje noch altiten dat de tiden foar de sport ferromme wurde. Yn it debat fan woansdei yn de Twadde Keamer oer de nijste coronamaatregels binne ferskate moasjes yntsjinne. Dy giene ûnder oare oer de maatregel dat it net tastien is om te sporten tusken 17.00 en 05.00 oere.
Mei de moasjes hoopje de sportkoepel en it bûn dat it dochs noch mooglik wurdt om langer te sporten.
© Shutterstock.com (matimix)
"We wachten de stemmingen nu met grote belangstelling af", seit in wurdfierder fan NOC*NSF. "Het is voor de vitaliteit, de weerbaarheid en het sociale welzijn van ons allen van het grootste belang dat dagelijks sporten na 17.00 uur zo snel mogelijk weer kan."
07:48

Nederlân donkerread op coronakaart

Hiel Nederlân kleuret wer donkerread op de wyklikse coronakaart fan it ECDC. Dat is de Europeeske sûnenstsjinst. Tongersdei komt it ECDC foar de sechstichste kear mei de coronakaart, wêrop't te sjen is hoe't it giet mei de besmettingen en de sikehûsopnamen yn alle regio's.
Alle tolve Nederlânske provinsjes steane dus op donkerread: dat is de heechste warskôgingskleur. It is de tredde wike op rige dat dat it gefal is. Nederlân is dêrmei ien fan de grutste brânkearnen fan it firus yn Europa.
06:31

Gjin útsûndering amateursport

Der komt gjin útsûndering foar de amateursport wat de jûnslockdown oanbelanget. In part fan de Twadde Keamer wol dat graach, mar neffens demisjonêr premier Rutte moat it pakket maatregels sa't dat no jildt net oanpast wurde.
Demisjonêr ministers De Jonge en Rutte harkje nei SP-Keamerlid Hijink © ANP
De partijen D66, CDA, SP, DENK, GroenLinks en JA21 fregen har ôf hoe effektyf oft de maatregel is dat bygelyks sportskoallen en sportparken nei 17.00 oere ticht moatte. "Wat is het effect van het eerder sluiten van winkels? Wat zou het effect zijn als je langer mag sporten?", sei GroenLinks-Keamerlid Westerveld. "We nemen verregaande besluiten en we hebben van veel maatregelen geen flauw benul of ze werken."
Se sjogge ek neidielen yn it feit dat in protte minsken - bern en folwoeksenen - no thús sitte en net of minder bewege.
Mar Rutte fynt dat it net oars kin: "Een uitzondering betekent weer extra bewegingen van grote groepen mensen. Ik vind het echt heel onverstandig om het pakket te verlichten, omdat we in een ernstige crisis zitten."
06:20

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan tongersdei 2 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.