Katolike tsjerke skrast jûnsfieringen: "teleurstellend maar verstandig"

De katolike tsjerke hat mei yngong fan dizze woansdei alle tsjerketsjinsten nei 17.00 oere skrast. Net allinnich foar no, mar ék mei krysttiid en âld en nij. Dat betsjut gjin krystnachttsjinsten.
© ANP
De biskoppen hawwe dat besletten nei ôflieding fan de ûntwikkelingen fan it coronafirus. Se folgje dêrmei de regels dy't op it stuit al jilde foar bygelyks teäters, bioskopen, sportskoallen en winkels. Sy wolle net dat de tsjerken in boarne wurde foar besmettingen mei it coronafirus.
Pastoar Tolboom fan de Hillige Clara van Assisi-parochy fan Drachten, De Gordyk, Easterwâlde en Zorgvlied moast wol efkes bekomme fan de skok. "Ik ben teleurgesteld, maar ik begrijp het wel. Het is verstandig, want zeker op kerstavond komen er vaak grote groepen naar de kerk. Ik zie het als een maatregel uit solidariteit met de rest van de samenleving."

Moaiste nacht fan it jier

Op krystjûn soe er twa kear foargean, yn Drachten en op De Gordyk. "Het is een van de mooiste nachten van het jaar en dat wordt ons al voor de tweede keer ontnomen."
De maatregels beheine him yn syn wurk. "Je kunt je werk gemankeerd doen, zoals huisbezoeken en groepsbijeenkomsten. Het alternatief om telefonisch te doen voelt ook als gemankeerd. En hoe ouder de betrokkenene is, hoe lastiger het wordt. Zij kunnen niet goed overweg met Teams of Zoom."
Mooglik komt der in alternative tsjinst, dat se it yn it foar opnimme. "Of dat we op Tweede Kerstdag meer vieringen doen."
Pastoar Tolboom