Iepen ynskriuwing Fytsalvestêdetocht begûn; "we hoopje op in gewoane tocht"

Twa jier op rige is de Fytsalvestêdetocht net trochgien sa't de organisaasje en ek de dielnimmers it leafst sjogge. Mar nei de foarynskriuwing is dizze woansdei de iepen ynskriuwing begûn.
De Fytsalvestêdetocht yn it sintrum fan Boalsert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"We hoopje fansels op in gewoane tocht op pinkstermoandei, mar ha ek neitocht oer alternativen. We kinne skeakelje as it moat", seit Stephan Rekker, foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht.
Ferline jier koenen minsken fia in app de tocht fytse op in selskeazen dei. Dat wie suksesfol. "Wat it takom jier wurdt, hinget derfan ôf wat tsjin dy tiid mei en wat net." Mooglikheden binne meardere startpunten, meardere dagen of minder dielnimmers.
"We witte net hoe't it komt en dat is fansels lestich, mar we bliuwe posityf en wolle ek de frijwilligers entûsjast hâlde." Rekker hat foar himsels al in eindatum yn de holle om op te hâlden. "Dat is yn 2023 by de 111ste tocht. Ik wol wol ôfskied nimme by in offisjele tocht."
By de foarynskriuwing ha al 5.000 minsken har meld en by de iepen ynskriuwing binne dat al 3.000. Oant en mei 15 desimber kinne se har ynskriuwe en dan folget de lotting.