Wrâld Aids Dei; yn 40 jier soad berikt, mar sykte hat noch wol in stigma

Dizze 1 desimber is it Wrâld Aids Dei. Boppedat is it dit jier eksakt 40 jier lyn dat it hiv-firus, dat de sykte aids fersoarsaket, de kop opstuts. Trije persoanlike ferhalen fan Friezen dy't mei de sykte te krijen ha.
Martine van der Meulen © Omrop Fryslân
Fries om utens Martine van der Meulen wurket al 15 jier foar it Aidsfonds en set har yn om hiv en aids de wrâld út te helpen. Yn de fjirtich jier is in soad berikt. Der binne foarljochtingsprogramma's en goede medyske behannelingen.

Deafûnis

"Eartiids wie der in soad eangst en ûnwittendheid. Hiv wie doe in deafûnis mei in ferskriklik syktebyld. No is der mear bekend en der is in soad foarljochting en goede medisinen. Aids is de wrâld noch net út, der binne 36 miljoen minsken mei hiv yn de wrâld, in fjirde dêrfan hat gjin tagong ta dizze medisinen."
As kommunikaasje-adviseur wol se minsken ynformearje en freegje om stipe. "Ik besykje ek projekten yn it bûtenlân en praat dêr mei minsken." Neffens har is benammen de ûngelikens in probleem. "It makket echt út wêr't je wenje as je de sykte krije."
Foar it earst yn tweintich jier krije minder bern in behanneling. Dat is echt alarmearjend! 
Martine van der Meulen
Jierrenlang wie der inkeld foarútgong, mar no wurde ynternasjonale doelstellingen net helle. Dat komt ûnder oare troch de coronapandemy. Dat hat it 5 oant 10 jier weromsmiten yn de tiid.
"Foar it earst yn tweintich jier krije minder bern in behanneling. Dat is echt alarmearjend! Der wurdt minder test, froulju wurde minder test. Yn Nederlân giet it hiel goed. Oer fiif jier tiid binne de helte minder hiv-diagnoazes steld. Minsken tinke gau oan Afrika, mar dêr is de lêste jierren in soad ynvestearre. Nije ynfeksjes groeie it hurdst yn Ruslân. Dêr is it foaral begûn mei drugsgebrûkers."

Stigma

Van der Meulen jout oan dat it stigma in grut obstakel is yn it útbannen fan dit firus. Minsken doarre harren net testen te litten. Yn guon lannen giet it ferhaal fierder as stigma. Yn guon lannen is homoseksueel ek nochris strafber. It moat yn alle lannen oplost wurde.
Martine van der Meulen
Martine van der Meulen © Martine van der Meulen
Yn de jierren tachtich fan de foarige iuw waarden yn Amearika benammen manlju út de homomienskip slim siik, mar al rillegau rekken ek hetero's en drugsgebrûkers ynfektearre mei it firus. Fjouwer desennia letter is in soad bekend oer hiv en der binne ek medyske behannelplannen dy't goed oanslaan. Dêrtroch kinne minsken dy't tagong hawwe ta dy medisinen in relatyf normaal libben liede, ynklusyf it oangean fan leafdesrelaasjes, it hawwen fan seks en sels bern krije sûnder oaren te ynfektearjen.
Alie van der Heide © Omrop Fryslân
Alie van der Heide (1971) groeide op yn De Haule en ferlear yn 1990 har 17 jier âldere broer oan de gefolgen fan aids. Hy hie oardeljier siik west. "Myn broer foel op manlju en hat it firus yn 1981 oprûn. Wêr't we altyd benaud foar wienen, waard doe werklikheid." It hat foar har de reden west om mear bekend te jaan oan hiv en previnsje. Der lei in taboe en oardiel op.
Jan, de broer fan Alie © Alie van der Heide
"Ik wurkje yn in húsdokterspraktyk, ha in soa-sprekoere en jou hiv-previnsjefoarljochting." Se komt twa typen minsken tsjin yn de praktyk.

Previnsjefoarljochting

"Minsken dy't noch altyd hiel bang binne foar it deadlike firus en it imago fan de jierren tachtich en in soad jongeren dy't aids net kenne yn dy hoedanichheid en dy't ek wat nonsjalanter omspringe mei ûnfeilige seks."
In punt fan oandacht is neffens Van der Heide dat minsken har net teste litte, omdat der dochs noch in stigma op sit en der is ek noch in soad ûnwittendheid.
Alie van der Heide
Wrâld Aids Dei; yn 40 jier soad berikt, mar sykte hat noch wol in stigma
Yn 2020 waarden 411 minsken diagnostisearre mei hiv. In jier earder wie dat 604. By sikehûs MCL yn Ljouwert behannelje se op dit stuit 330 pasjinten. "Het is tegenwoordig goed behandelbaar", seit ynternist/ynfeksjolooch Linda Kampschreur. "En je bent niet meer besmettelijk, dat is goed om te weten."
Alle jierren komme der nije pasjinten by, mar oer it generaal is der in delgong. "In Nederland kunnen mensen goed worden behandeld, maar dat is in een groot deel van de wereld niet zo. Dus hiv kwijtraken doen we niet, we kunnen het wel remmen."

Previntive pil

Sûnt 2018 is yn Nederlân de pil mei de namme 'prep'. Dy pil kinst previntyf nimme. "Daarmee voorkom je een hiv-infectie." Net elk komt der foar yn de beneaming, minsken mei in heech risiko seksueel gedrach.
Linda Kampschreur
Yn Buro de Vries kommende snein it ferhaal fan in frou dy't besmet rekke nei in bloedtransfúzje.