Provinsje wol yn kommende twa jier op oanfraach 700 laadpeallen oanlizze

De provinsje Fryslân wol yn de kommende twa jier 700 laadpeallen foar elektryske auto's oanlizze. Ynwenners en bedriuwen kinne fan woansdei ôf sa'n laadpeal oanfreegje.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It bedriuw TotalEnergies hat de oanbesteging wûn en sil de peallen leverje en pleatse. Ien fan de betingsten foar de oanbesteging wie dat de stroom duorsum wêze moat.
"Als Friese overheden hebben we hier lang naartoe gewerkt. Het toenemende aantal elektrische auto's vergt een goed laadnetwerk en dat past ook bij onze ambities voor duurzaamheid", seit deputearre Avine Fokkens.

Ferdieling

De oanlis fan de 700 peallen makket neffens de provinsje it elektrysk riden tagonkliker. Ut ûndersyk fan Independer die earder dit jier bliken dat der op it stuit 1,9 laadpeallen op 1.000 húshâldingen binne.
Yn de gemeente Opsterlân leit dat mar op 0,2 laadpeallen foar 1.000 húshâldingen, wylst it op Skylge 19,6 binne. Fan de Fryske gemeenten dogge santjin fan de achttjin mei oan it projekt. "Alleen Súdwest-Fryslân niet, daar waren ze al begonnen met een eigen aanbesteding."

Uteinlik 3.500

Fokkens rekkenet derop dat de 700 laadpeallen foar de kommende jierren genôch binne. "Het is gebaseerd op een prognose met cijfers van het CBS. En uiteindelijk is het idee om in 2030 ongeveer 3.500 van te hebben."
De deputearre seit ta dat de ferdieling oer de provinsje goed en earlik wurdt. "In elk dorp met meer dan 1.000 inwoners zal zo'n laadpaal komen."

Oanfragen

Ynwenners en bedriuwen sûnder in eigen oprit kinne in laadpeal oanfreegje. Om de goede lokaasje foar de laadpeallen te bepalen wurdt ek sjoen nei de belesting fan it netwurk. De laadpeallen komme op publyk terrein en binne net allinnich bedoeld foar de oanfreger.
Der is in spesjale webside iepene wêrop't de peallen oanfrege wurde kinne. Ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân moatte op de webside fan harren gemeente wêze.