Nij Frysk enerzjyprogramma is better foar miljeu en minder ôfhinklik fan 'nuvere diktators'

De provinsje Fryslân wol mei it nije Fryske enerzjyprogramma 2021-2025 de enerzjytransysje yn Fryslân in flinke triuw jaan. De provinsje wol it enerzjyferbrûk yn Fryslân duorsumer meitsje troch bygelyks lokale inisjativen te stypjen.
© Provinsje Fryslân
It programma rjochtet him op enerzjybesparring, 'enerzjy yn de mienskip', enerzjyproduksje, waarmtetransysje en ferbettering fan de enerzjy-ynfrastruktuer.

Nuvere diktators

Neffens deputearre Sietske Poepjes kinne we noch wol wat stappen sette, bygelyks op it gebiet fan wetterwaarmte of sinnepanielen. Njonken it feit dat it de enerzjyrekken nei ûnderen krije kin, hat dat ek noch in oar foardiel: "Sa binne we wat minder ôfhinklik fan nuvere diktators yn oare parten fan de wrâld", seit Poepjes.
Poepjes wol dat de minsken yn oerlis mei de provinsje en gemeente sjogge wat sy dwaan kinne op it gebiet fan de enerzjytransysje. "It komt derop del datst de klasike 'doarpsjûn-sealtsjemominten' hast. Datst yn in doarp mei de provinsje of gemeente bepraatst wat wy no konkreet dwaan kinne. De tiid fan algemiene plannen is echt foarby."

"Hoe dan?"

Wat minsken sels dwaan kinne, hinget bot fan de persoanlike situaasje fan immen ôf. Poepjes: "As de ynvestearring jo te grut is, dan moatte jo gewoan by jo persoanlike omstannichheden bliuwe, mar as jo foar wat langere tiid foarút tinke, is it wol ferstannich dat je fan it gas ôf geane."
"It is foar it miljeu better om it oars te dwaan, mar ik tink dat in hiele protte minsken tinke: 'hoe dan?'", giet Poepjes fierder. "Dan kinne se bygelyks terjochte op de webside fan de provinsje of de gemeente. Der binne ek enerzjyteams dy't by jo delkomme kinne om efkes nei jo hûs te sjen."
Sietske Poepjes oer it nije Fryske enerzjyprogramma