Fysioterapeuten ha it drok mei opbetterjende coronpasjinten

Goed 157.000 minsken dy't corona hân ha, binne nei in fysioterapeut ta stapt om fan harren klachten ôf te kommen. Ek yn Fryslân ha minsken dy't werstelle moatte fan it coronafirus lang de tiid nedich foardat se der wer boppe-op komme.
De grutste drokte moat miskien noch komme:
Sa hie fysioterapeut Jelle Eijzenga fan Berltsum op it hichtepunt fjirtich minsken mei klachten yn behanneling. Dat binne der no noch in stik of tsien, mar Eijzenga is benaud dat dat oantal wer oprinne sil: "Wa't no yn it sikehûs leit, giet der aanst wer út en se hâlde der allegear klachten oan oer. In part fan dy klachten kinne wy hjir behannelje."

Kondysjegebrek

Der komme benammen minsken mei in kondysjegebrek by Eijzenga yn de praktyk. "Dat is faak in langer trajekt. We ha guonen dy't al in jier by ús yn behanneling binne. Dy wurkje noch altyd mar fjouwer oeren yn 'e wike", seit Eijzenga. Neffens him ha minsken mei longcovid yn trochsneed 20 behannelingen nedich.
As minsken by Eijzenga komme, moat hy earst teste wat de kondysje fan de pasjint is. "Kinst it fiif minuten folhâlde? Hoe hurd? Dat is dan de basis. Miskien kinst earst mar twa kilometer yn 'e oere rinne. Dat moatst dan opbouwe troch in pear kear yn de wike te trainen. Dat besjogge we foar elk yndividu. De ien hat mear lêst as de oar."

Faksinaasjes

Eijzenga sjocht noch net in effekt fan de faksinaasjes. "Dat moatte we noch sjen de kommende moannen. Oant no ta ha we it foaral drok hân doe't noch folle minder minsken faksinearre wiene", seit de fysioterapeut.
"De kâns is grut dat it takom wike op koade swart giet, safolle minsken lizze yn it sikehûs. Wat dêr achterwei komt foar ús, en hoe't it is it mei de ferhâlding faksinearren en net-faksinearren, dat moatte we noch sjen. De ferwachting is wol dat net-faksinearren folle mear klachten ha", giet hy fierder.
Ferslachjouwer Timo Jepkema by fysioterapeut Jelle Eijzenga
Eijzenga hat muoite mei de nije maatregels fan it demisjonêr kabinet wêrby't nei fiif oere middeis de doarren foar in sportferiening tichtgeane. "Previnsje is belangryk. Wy sjogge dat minsken dyt't langduorjende coronaklachten ha somtiden ek in oare libbensstyl ha. Dêrom is sporte wichtich. It soarget der ek foar datst in goede wjerstân hast."
De fysioterapeut sjocht dan ek it leafste dat de sportklups iepen bliuwe. "Hielendal foar balsporten. Dat binne 'acyclische' sporten. Dat betsjut in hiel soad draaie en keare. Asto net trainst troch de wike, dan betsjut it dat der flugger blessueres komme."