Militêren blaze fleanmisje ôf troch krystlampke: "Net myn bedoeling"

In krystlampke siet in militêre oefening yn de loft bot yn 'e wei. It klinkt as in ûnwierskynlik ferhaal, mar dochs is it wier. In fleantuch fan Eindhoven waard beskynd troch de krystferljochting fan Ype Boek fan Drachten, dy't him fan gjin kwea bewust wie.
In hiel gedoch om in partikulier krystlampke yn Drachten:
Op de scanner dêr't de kommunikaasje fan fleantugen folge wurde kin, hearde parsefotograaf Ruben Oosterman dat der in Hercules-fleantúch fan de fleanbasis yn Eindhoven beskynd waard troch in laserlampke. Oosterman gie efter de koördinaten oan en doe die bliken dat it om krystferljochting by in hûs gie.
Foar Gilbert Stout fan fleanbasis Eindhoven wie it in earste kear. "Onze vliegers hebben er wel last van gehad. We hadden gisteravond een oefening waarbij we op een lagere vlieghoogte over Nederland vlogen."

Sterk ljocht troch nachtsichtapparatuer

De krystferljochting skynde dêrtroch op it fleantúch. "Dat licht komt verder dan dat van ouderwetse gloeilampjes. De vliegers gebruiken nachtzichtapparatuur, waardoor verlichting heel erg wordt versterkt. Dus het kwam heel erg binnen. Ze hebben een deel van de missie onderbroken, omdat ze wel erg werden gehinderd. Een laserpen kan best wel schade veroorzaken aan de ogen van de vliegers."
Dat úteinlik bliken die dat it om krystljochten gie, fernuvere Stout net. "Het was niet een directe bundel, maar het bewoog. Dan weer wel, dan weer niet. Dat past in het verhaal van de draaiende kerstversiering."
Gilbert Stout fan fleanbasis Eindhoven en ferslachjouwer Lars de Leeuw by Ype Boek
Ype Boek wie him der as eigener fan it krystlampke net fan bewust. "Ik wit it ek net. Hy hat miskien krekt oer de goate hinne skynd de loft yn. Gewoanwei sit er altyd ûnder de goate. Yn de trije jier dat ik it lampke al haw, haw ik der gjin lêst fan hân."
Mar moandeitejûn krige Boek besite oan de doar. "Dy sei dat sy der lêst fan hiene. De man hat in foto naam fan it ljochtsje."

"Net myn bedoeling"

Boek hat yntusken besletten syn krystljocht mar út te setten. "As it net mei, dan giet it lampke der út. Ik tink dat ik dat mar doch, dat is it bêste. Hiel simpel. It wie net myn bedoeling om it fleanferkear te fersteuren."
Ype Boek fan Drachten © Omrop Fryslân
Definsje hopet dat oare minsken dy't krystferljochting mei laser hawwe der om tinke dat sy it net al te bot yn de loft skine litte.