Tryater bringt grutskalich lokaasjeteäter nei Wergea: Under Wetter

Tryater komt dizze simmer wer mei in grutskalige lokaasjeproduksje: Under Wetter. In foarstelling oer de skiednis en de takomst fan de iisbanen yn Fryslân. En dus oer de Fryske tradysje fan it reedriden. Mar ek oer it klimaat.
Under Wetter © Tryater
Want troch de feroaring fan it klimaat wurde de winters waarmer en komt der hieltyd minder iis dêr't op riden wurde kin. De foarstelling wurdt spile op de iisbaan fan Wergea en tuskentroch op Skylge mei it Oerol-festival.

Wol it wetter, net de froast

Artistyk lieder fan Tryater, Tatiana Pratley, docht sels de rezjy fan dizze foarstelling. Sy kaam trije jier lyn op it idee fan Under Wetter doe't sy sels seach dat it gersfjild fan de iisbanen wol ûnder wetter set waard, mar net befrear.
"Wylst de iisbaan krekt it plak is yn de winter, dêr't de minsken inoar moetsje. En hoe't de boargers mei-inoar yn 't spier binne om alles foarinoar te krijen. Iis ferbynt. Wat bliuwt dêrfan oer as der aanst gjin iis mear is", seit Pratley.

De kar foar Wergea

Om in geskikte iisbaan as teäterlokaasje te finen, hat men sa'n 40 iisbanen by del west. Uteinlik foel de kar op de iisbaan fan Wergea. "Hielendal fanwegen de pleats dy't der deunby stiet", sa seit Pratley. "Ek dizze iisbaan is al iuwen lang yn behear fan in boerefamylje, krekt as yn de foarstelling."
Tatiana Pratley © Maurits Giessen
De foarstelling is nammentlik ek it ferhaal fan in boerefamylje. Hoe't dy ek te krijen hat mei bedriuwsfiering ûnder druk fan klimaatferoaring en oerheidsregels. Dochs sil neffens Pratley de trageedzje net de oerhân krije en sil der folop romte wêze foar leafde en humor.

Akteurs en dûnsers

De foarstelling sil yn alle opsichten grutskalich wurde. Sa is der alle jûnen plak foar goed 700 besikers. Njonken akteurs as Tamara Schoppert, Lourens van den Akker en Mattheus Douwes en Ayisha Siddiqi sil der ek meiwurking ferliend wurde troch leden fan it nije profesjonele dûnsselskip Ivgi & Greben út Ljouwert. Dizze dûnsers wurde bystien troch sa'n 15 amateurdûnsers.
Artistyk lieder fan Tryater, Tatiana Pratley
De tekst is skreaun troch Wessel de Vries. De muzyk is yn hannen fan Sytze Pruiksma, dy't komposysjes skreaun hat foar in ensemble fan ien trompettist en seis trombonisten. "Dizze kombinaasje fan muzikanten ferwiist nei de fanfare, de hoempapa dy't gauris om de iisbaan te finen is." Tagelyk kin neffens Tatiana troch de blaasynstruminten de klankkleur fan wyn en wetter oproppen wurde.

Keunstofdoek

In gigantysk doek fan keunststof sil yn it dekôr de iisflier symbolisearje moatte. Oan de oare kant sil ek it wetter, en dan benammen de driging fan it opkommende wetter, in grutte rol spylje. Dit byld sil mei help fan moderne ljochteffekten ta stân brocht wurde.
Under Wetter wurdt fan 12 oant en mei 28 maaie en fan 28 juny oant en mei 9 july spile op de iisbaan te Wergea. Tuskentroch is de foarstelling fan 10 oant en mei 19 juny te besjen mei Oerol op Skylge.