Gemeenteried Amelân jout grien ljocht foar sinnepark yn Ballumerbocht

De gemeenteried fan Amelân stimt yn mei it oanlizzen fan in twadde sinnepark op it eilân yn de Ballumerbocht. De ûtwikkeling fan it sinnepark is in gearwurking tusken de gemeente, de Amelander Energie Coöperatie en Wetterskip Fryslân.
It Amelân © Shutterstock.com (T.W. van Urk)
It park moat op it eardere stoart fan It Amelân komme. Foar de tarieding fan de saak lûkt de gemeente 45.000 euro út. It is de bedoeling dat gemeente Amelân oandielhâlder wurdt en foar in ton oan oandielen keapet. De oare twa partners stekke der inselde bedrach yn.
Foar't it park der echt komme kin, moatte der noch in pear stappen set wurde. Sa moat it bestimmingsplan oanpast wurde en der moat in omjouwingsfergunning komme.

Yn 2022 oanlizze

De bedoeling is dat yn de twadde helte fan 2022 úteinset wurde kin mei it oanlizzen fan it park. Der komme 12.000 sinnepanielen. It projekt kostet sa'n 4,5 miljoen euro. De inisjatyfnimmers hoopje dat it in tredde fan it enerzjyferlet fan it eilân opsmite kin.