RES ûnbekend by Friezen: 80 persint hat der nea fan heard

Friezen witte noch te min oer de op te stellen Regionale Energiestrategie (RES). Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Noardlike Rekkenkeamer. Sa'n 80 persint fan de Friezen hat noch nea fan de RES heard.
© Shutterstock.com (Panumas Yanuthai)
Nederlân is opdield yn tritich regio's, dy't elk de taak krigen ha om in Regionale Energiestrategie foarm te jaan. Yn dat dokumint moat stean wat de regio wol om foar 2030 en 2050 doelen te heljen yn de enerzjytransysje mei sinne- en wynenerzjy. De regio beslist dus sels mei oer de doelstellingen, it tiidspaad en de wize wêrop't de doelen helle wurde moatte.

Ynwenners net genôch meinaam

Op regionaal nivo binne de ynwenners fan ús provinsje hast net yn de gelegenheid steld om te partisipearjen, seit lykwols de Noardlike Rekkenkeamer. Neffens foarsitter Anneke Beukers kin it better. "De opdracht was: doe het met veel maatschappelijk draagvlak. Dat betekent dat je niet alleen de volksvertegenwoordigers hoort, maar ook stakeholders en burgers. Voor Fryslân hebben we een scorekaart gemaakt. Dan zie je dat er wel wat gebeurd is, maar op veel plekken ook nog niet."

Folgjende ferzjes

Beukers seit lykwols ek mei klam dat it noch om de RES 1.0 giet, en dat der ek noch in 2.0 en 3.0 folgje. Dat de Rekkenkeamer no al mei in rapport komt, is just ek om noch winst te beheljen yn de folgjende ferzjes. "Het eerste stuk is ook wel heel abstract. Daarom is het lastig om er burgers bij te betrekken."

Ynspraak

"Veel burgers hebben er nog nooit van gehoord: een groot deel van de mensen weet niet wat een RES is. Je ziet wel dat mensen getriggerd zijn als ze horen dat hun huis van het gas moet", jout Beukers oan. "Men geeft toch aan er wel bij betrokken te willen worden." Dat bart somtiden ek wol, mei bygelyks webinars. Mar noch te min, is de konklúzje.
"Er is bovendien onvoldoende vooraf geborgd wat er met zo'n advies van zo'n overlegorgaan gebeurt", seit Beukers. In part fan de ferklearring is dat der ek noch gjin konkrete lokaasjes bekend binne as it giet om de RES fan Fryslân.
It advys oan Provinsjale Steaten is om opnij in dokumint fêst te stellen dêr't better yn beskreaun is hoe't Friezen meitinke kinne oer de beslútfoarming.