Liveblog | 30 novimber 2021

Coronanijs 30 novimber: Gynekolooch ropt froulju yn ferwachting op ta prik

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 30 novimber 2021, 22:46
tiisdei 30 novimber 2021
22:45

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
21:08

230 boeten foar it negearjen fan karantêneplicht

Sûnt de ynfiering fan de karantêneplicht binne der 230 boeten útdield oan reizgers út gebieten mei in protte coronabesmettings. De boete foar it net neilibjen fan de plicht is 339 euro.
Alle reizgers dy't út it súden fan Afrika wei nei Nederlân kommen binne, krije besite fan in boa om te sjen oft immen echt thús is.
18:21

700.000 coronaboosters oan de ein fan de wike

Demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge ferwachtet dat der foar de ein fan dizze wike 700.000 prikken mei coronaboosters set binne. Op dit stuit binne der noch mar 82.000 boosterprikken set. Definsje en medysk studinten sille meihelpe om te prikken. De Jonge wol dat sa folle minsken fan 60 jier en âlder as mooglik foar de Kryst harren boosterprik hân hawwe.
© Omrop Fryslân
17:56

Gynekolooch MCL ropt froulju yn ferwachting op har faksinearje te litten

Mear as de helte fan de froulju yn ferwachting dy't ûnder behanneling steane yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne net faksinearre. Dat seit gynekolooch Jelle Stekelenburg fan it sikehûs. Dat wylst der yn de ôfrûne wiken trije poppen dea berne as gefolch ûntstekkingen oan de plasinta, dy't mooglik werom te lieden binne nei in coronabesmetting.
Gynekolooch Jelle Stekelenburg fan it MCL © Omrop Fryslân
16:43

Hast 82.000 boosterprikken set

Neffens it RIVM hawwe 81.800 âlderein en soarchmeiwurkers oant no ta in boosterprik tsjin it coronafirus krigen. 13,2 miljoen minsken hawwe oant no ta ien faksinaasje krigen. 11,2 miljoen minsken hawwe twa prikken hân.
16:32

De Fryske Marren jout 1.000 euro foar QR-kontrôle

16:18

Besmetting mei Omikron-fariant yn Nederlân

Bûten de fjirtjin minsken wêrby't de Omikron-fariant fêststeld waard, nei't se weromkamen út súdlik Afrika, is teminsten ien oare persoan besmet rekke mei de nije fariant. Dat meldt in wurdfierder fan it RIVM. Dizze persoan hat de ôfrûne tiid net reizge. Dat betsjut dat de besmetting yn Nederlân plakfûn hat.
15:52

RIVM: tal besmettingen liket te stabilisearjen

It is mooglik dat it tal nije besmettingen ôfflakket, seit it RIVM. De ôfrûne wike is dat tal nammentlik hast itselde as in wike earder. Ferline wike registrearre it RIVM noch 39 persint mear positive testen neffens in wike earder.
It RIVM sprekt fan in stabilisaasje, dy't mooglik it gefolch is fan de coronamaatregels dy't heal novimber oankundige waarden.
15:16

974 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 974 nije coronabesmettingen fêststeld, dat meldt it RIVM. Lanlik binne der 22.199 besmettingen fêststeld.

Twa stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan Flylân en Súdwest-Fryslân.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
14:51

In tredde part fan de sikehûzen skrast planbere soarch

In tredde part fan de Nederlânske sikehûzen skrast foarearst de planbere soarch. It giet om 25 sikehûzen, dy't ûnder oare knibbel- en heupoperaasjes skrasse. Dat binne der twa kear safolle as foarige wike, meldt de Nederlânske Soarchautoriteit (NZa).
De grutte stream fan coronapasjinten feroarsaket hieltyd mear druk op de sikehûssoarch. Njoggentjin sikehûzen kinne ek net altyd mear kritike planbere soarch oanbiede.
14:25

Lytsere ûndernimmers yn de kultuersektor freegje om mear stipe

Lytse ûndernimmers yn de kultuerele en kreative sektor komme mei in needgjalp. Sy freegje de Twadde Keamer om mear finânsjele stipe. Henk Rigter fertelt dat de stipe dy't bestiet, eins net by de zzp'ers en flekswurkers terjochte komt. "In soad fan dy maatregels komt by besteande ynstellingen terjochte. En dêrmei net by selsstannige makkers."
Rigter is ien fan de inisjatyfnimmers fan Mooiedingenmakers, in kollektyf dat ûndernimmers út de kreative sektor yn it noarden byinoar bringt.
14:02

Wedstriid skrast

De KNVB hie de ynhelwedstriid tusken Harkemase Boys en de amateurtak fan Ajax foar kommend wykein op it programma set, mar dat giet net troch. Harkemase Boys kin dizze wike wol jûns trochtraine, omdat dy in ûntheffing krigen ha fan de coronaregels. Ajax hat dy ûntheffing net en kin him dêrtroch net goed tariede op de wedstriid.
13:53

Fraudeurs

13:27

Fryske fysioterapeuten behannelje minsken mei oanhâldende klachten nei corona

"Ik tink dat it der in stik of fiif of tsien binne", seit Jelle Eijzinga, fysioterapeut yn Berltsum. "Fan 't simmer wie it fansels wat minder, no komme we wer yn in nije golf. Ik bin bang dat we begjin takom jier wer in enoarm soad krije."
Hy leit út wêrom't er dat tinkt: "Wat no yn it sikehûs leit wurdt aanst ûntslein en dêr komme klachten efterwei, in part fan dy klachten kinne wy hjirre yn de oefenseal behannelje."
Ferslachjouwer Timo Jepkema is by fysioterapeut Eijzinga yn Berltsum
12:11

91 coronapasjinten yn Fryske sikehuzen

Yn Fryslân lizze 91 pasjinten yn de sikehûzen, dêr't sechstjin fan op de intensive care lizze. Moandei leinen 88 pasjinten yn de Fryske sikehûzen, dêr't sechstjin fan op ic leine.
Yn de trije noardlike provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân lizze byinoar 211 coronapasjinten yn it sikehûs, meldt Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Fan dy pasjinten lizze der 46 op in ic-bêd.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
11:26

Omikron-fariant wie in wike earder al yn Nederlân

De nije Omikron-fariant wie in wike earder al yn Nederlân. Dat meldt it RIVM. De fariant is nammentlik ek fûn yn testen dy't ôfnommen binne op 19 en 23 novimber.
Fan de minsken dy't in wike earder de Omikron-fariant al hiene, is net dúdlik oft se dy yn súdlik Afrika oprûn ha. It RIVM ferwachtet takom wike tiisdei mear ynformaasje oer de Omikron-fariant te ha.
11:06

Harkemase Boys mei nei fiven noch wol traine

By guon fuotbalklups binne se tiisdei om healwei seizen begûn mei de training, om't jûns traine net mear mei. Ien Fryske amateurklup mei dat lykwols noch wol: Harkemase Boys. De klup hat frijstelling fan dy maatregel krigen. "Trochdat wy yn de KNVB Beker sitte meie we wol traine, dat is wat dat oanbelanget hartstikkene goed", seit trainer Jan Piet Bosma.
Jan Piet Bosma, trainer Harkemase Boys
09:41

RIVM sil âldere testmonsters ûndersykje op Omikron-fariant

It RIVM sil net allinnich nije, mar ek âldere testmonsters ûndersykje op de Omikron-fariant. Dêrmei kin fêststeld wurde oft de nije fariant ferline wike al yn ús lân wie. Nederlân is net it iennige lân dat sa'n ûndersyk docht, earder liet Skotlân witte dat se dêr ek sjogge nei âldere testmonsters. De nije fariant soe dêr, mei troch de klimaattop, al earder hinne kaam wêze kinne.
© ANP
09:05

Omset hoareka fan 't simmer hast like heech as foar corona

De omset fan de hoareka wie yn de moannen july, augustus en septimber hast like heech as yn 2019, foar de coronatiid. Troch de ferrommingen fan de coronamaatregels yn dy moannen namen de ynkomsten ta. Dat meldt it CBS.
Foar it fjirde fearnsjier sil de omset yn de sektor nei alle gedachten net sa heech lizze. Trochdat it tal coronabesmettingen de lêste wiken oprûn is, hat it kabinet nije lockdownmaatregels ynfierd, lykas it sluten fan hoarekasaken en net-essinsjele winkels om 17.00.
08:21

Yn Burgum wurdt nei fiven bûtendoar sport

Foar de measte sporten is it net mooglik om op de gewoane tiden te trainen. Ferieningen traine hieltyd mear yn it wykein, of ferskowe de trainingen nei oare mominten.
By BûtenGewoanFit yn Burgum ha se in útsûnderingsposysje. Yn groepkes fan fjouwer kinne se bûtendoar gewoan trochsporte. Ynstruktrise en eigener Tytsje Schievink-van der Meer hat moandeitejûn de lessen bootcamp oanpast.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Oars ha we twa lessen op ien jûn", fertelt se. "Der kinne sechstjin minsken by oanslute. No ha we dat ferdield yn meardere lessen en dan kinne der fjouwer minsken meidwaan." Op oardel meter ôfstân fitnesse is goed te dwaan mei fjouwer persoanen. Fierder stean oeral ûntsmettingsmiddels.
08:08

Moderna: faksins wurkje minder goed tsjin Omikron-fariant

De kâns is lyts dat coronafaksins like goed wurkje sille tsjin de nije Omikron-fariant. Dat seit de topman fan Moderna, Stéphane Bancel tsjin de Britske krante Financial Times. It soe neffens him moannen duorje kinne foar't faksinmakkers genôch faksins meitsje kinne dy't wol goed wurkje tsjin de nije fariant.
© Omrop Fryslân
07:47

'Oanpassing stipemaatregels nedich'

Zzp'ers en flekswurkers yn de kreative en kulturele sektor wolle dat it demisjonêre kabinet de coronastipemaatregels oanpast. Dat nedich, skriuwe se yn in brief oan de Twadde Keamer, omdat stipemaatregels net goed terjochte kamen. De miljoenen euro's bleaune te bot by de ynstellingen hingjen.
De Creatieve Coalitie, dêr't 45 fakorganisaasjes en bûnen yn sitte, is benaud dat soks opnij bart by de 68 miljoen euro dy't it demisjonêre kabinet no útlûkt foar ekstra stipe oan de kulturele en kreative sektor. De nije maatregels treffe ûnder oaren dirigentin van amateurkoaren, muzykleararen dy't oan hûs wurkje en dj's en freelancers yn het klupsirkwy.
06:32

Betiid traine

Op ferskate plakken binne fuotballers op it stuit al oan it trainen. Yn Snits is it earste alvetal fan Snits Wyt Swart om 5.30 oere begûn, itselde jildt foar VCR yn Rinsumageast. Gewoanwei traine de teams jûns, nei it wurk of de stúdzje. Mar dat mei no net, fanwege de oanskerpe coronamaatregels.
Trainer Carlo Rietdijk en bestjoerslid Sven Batstra
De fuotballers fan Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
06:19

Protte fysioterapy nei besmetting

Mear as 157.000 minsken binne nei de útbraak fan de coronapandemy nei de fysioterapeut stapt, omdat se lest ha fan lang oanhâldende klachten nei in besmetting. It tal pasjinten is sûnt maaie hast wer ferdûbele. Dat skriuwt it AD.
Fan alle pasjinten is 46 prosint no noch ûnder behanneling, docht bliken út gegevens fan de KNGF, de beropsferiening fan fysioterapeuten. Twa op de trije fan harren binne tusken de 40 en 70 jier âld.
Yn trochsneed komme de pasjinten foar tweintich behannelingen yn 119 dagen. Mar soms giet it ek hurder, seit Guus Meerhoff fan de KNGF. "We zien bijvoorbeeld ook mensen met de longaandoening COPD die na een besmetting echt een stapje terug hebben gedaan. Met een beetje hulp knappen ze soms snel op."
06:13

Bêdepuzel

It ferdielen fan coronapasjinten oer de folle sikehûzen smyt de planners in soad problemen op. Lang net altyd slagget it. Dat skriuwt de Telegraaf.
De planners fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS) fine it dreger as foarich jier om bêden foar coronapasjinten te finen. Dat komt trochdat de reguliere soarch no noch foar in part trochgiet.
Alle dagen om 10.00 oere jouwe sikehûzen oan hoefolle bêden oft nedich binne en hoefolle se frij ha. "Er spelen veel factoren mee of een overplaatsing doorgaat", seit bêdeplanner Max Poorthuis. "Zoals het weer, de toestemming van patiënt of familie en soms ook het gebrek aan een landingsplaats voor de heli."
In ferpleechkundige fersoarget in coronapasjint op de intensive care © ANP
06:08

Goeiemoarn

Wolkom by dit liveblog fan tiisdei 30 novimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.