Harrewarjen by de Ried fan Steat oer effekten gaswinning by De Pein

De eangst foar it iepenskuorren fan in âlde stoart-grûnwâl by de Drachtster Feart troch ierdskoddingen is net terjochte, fynt it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. It ministearje stie moandei foar de Ried fan Steat oer gaswinning by De Pein en de buorskip Middelbuorren.
Argyfbyld fan gaswinlokaasjes by De Pein © Omrop Fryslân
By tsjinstanners fan de gaswinning is noed oer it gefaar dat nije gaswinning opsmite kin. It giet om Stichting Tsjingas en ferskate omwenners. As de 800 meter lange stoart-grûnwâl iepenskuort, kin gemysk ôffal yn it wetter rinne, tinke sy.

Nije gaswinning

Gaswinner Vermilion wol oant en mei 2036 noch 0,4 miljard kúb ierdgas winne by De Pein en Middelbuorren, troch in nije sydtak te meitsjen oan in âlde boarput by Nyegea. Yn maart hat de Ried fan Steat yn in spoedbeslút de gaswinning foarearst al goedkard.
De tsjinstanners fine lykwols dat der te min ûndersyk dien is nei de risiko's fan boaiemdelgong en de gefolgen foar de grûnwâl. Yn dy wâl sit nei it sanearjen fan it âlde Drachtster stoart noch in soad gemysk ôffal.

"Effecten gering"

It ministearje ferklearre lykwols dat sy der fanút geane dat der nea in swiere skodding folgje sil. En as dy der al komt, binne de effekten op in kilometer ôfstân al 'gering'. Sels al soe de grûnwâl wol skea oprinne, dan is der noch genôch tiid om it op te knappen, seit it ministearje.
De tsjinstanners fine lykwols dat it regear en Vermilion de gefolgen bagatellisearje en dat der net in goede skearegeling is.
Oer in pear wiken docht de Ried fan Steat in einútspraak yn de kwestje.