Sanquin wol oan de slach mei 'bedriuwsbloed'; ûnder wurktiid bloed jaan

Bloedbank Sanquin siket bedriuwen dy't har wurknimmers bloed of plasma donearje litte wolle. Dat wurdt dan dien ûnder wurktiid. De bloedbank hat de ôfrûne tiid in tal proeven dien mei 'bedriuwsbloed'.
© Shutterstock.com (Lumen Photos)
Dy binne nei tefredenheid ferrûn en dêrom giet Sanquin no yn it hiele lân oan de slach. "We zien dat de donors die langskomen dat altijd in hun eigen tijd doen", fertelt Marlijn van Hasselt fan Sanquin. "We dachten: zou het eigenlijk niet handiger zijn als werkgevers hun mensen de kans geven om bloed te geven onder werktijd?"

Elkoar helpe

Neffens Van Hasselt soenen wurkjouwers dêr goed oan dwaan. "Dan werken ze ook een beetje aan hun maatschappelijke verantwoordelijkheid. We denken dat ze er ook een aantrekkelijker werkgever door worden. En ze helpen natuurlijk hun medemens."
It soe Sanquin fansels ek helpe. "Ons donorbestand loopt niet terug, maar eerlijk is eerlijk: meer donors zijn altijd welkom. Dus het helpt ons om een gezond donorbestand aan te houden."

Sân bloedbanken

Sanquin kin net bepale hoe't bedriuwen it oanpakke soenen, mar de bloedbank hopet dat se neitinke wolle oer mooglikheden om it minsken makliker te meitsjen om bloed te jaan. "In hoeverre dat onder werktijd is, kunnen de bedrijven natuurlijk zelf bepalen. Wij vragen ze om het te regelen en contact met ons op te nemen om dat te organiseren."
It ôfjaan fan bloed gebeurt úteinlik net op it wurk sels, mar op ien fan de lokaasjes fan Sanquin. Yn Fryslân binne dêr sân fan.