Horrorplant strûpt De Lende fol: "It grut galleblêd moat hjir gau wei"

It grut galleblêd soarget foar oerlêst yn rivier De Lende. De rapgroeiende eksoat soarget derfoar dat oare planten net mear groeie kinne en sliket de folsleine rivier ticht.
Der lizze bulten fan it grut galleblêd op de kant:
De plant is in eksoat út Súd-Amearika dy't troch ûnbekende oarsaak yn de rivier telâne kaam is. It grut galleblêd wurdt benammen rekreatyf brûkt, lykas yn in akwarium of yn in tún. Mooglik hat ien syn of har akwarium lege yn de rivier.

Skealik

Yn de natuer groeit it galleblêd sa rap, dat de hiele rivier derûnder strûpt. "Hij zorgt ervoor dat andere planten niet meer groeien, maar op den duur krijg je ook dat duikers en gemalen dicht kunnen slibben", seit Koos Koops fan Wetterskip Fryslân.
Koops stiet mei syn kollega's yn in natuergebiet by it doarpke De Hoeve te sjen nei in kraan dy't al it galleblêd út it wetter helje moat. It hekkeljen is in opjefte, want yn in oerke tiid lizze der fiif bulten fan twa meter heech.
Helemaal wegkrijgen lukt niet.
Koos Koops fan Wetterskip Fryslân
"Je moet deze plant met groot materiaal aanpakken, want op een andere manier is het niet meer te doen", seit Koops. "We hopen hem uiteindelijk in te dammen en dan kunnen we het controleren. Helemaal wegkrijgen lukt niet. Een kleine stengel kan al helemaal uitgroeien tot wat je nu ziet. We moeten het dan maar controleren door elk jaar de grootste hoeveelheden weg te halen."
It grut galleblêd yn De Lende © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Om't de plant net út Nederlân komt, is hjir gjin natuerlike fijân te finen. Yn Súd-Amerika wurdt de plant iten troch in kever, mar dy nei Nederlân ta helje is noch gjin opsje.

Undersyk nedich

"Dêr moat earst echt ûndersyk nei dien wurde", seit Keimpe Visser fan it Wetterskip. "Dat is nammentlik net handich, want we witte net wat dat bistje foar ynfloed op de rest hat. Stel dy kever yt alles yn koarte tiid op, wat soe hy dêrnei noch nimme dan? Begjint der dan oan ús eigen, moaie natuer? Dat moat wy fansels net hawwe."
It grut galleblêd yn De Lende © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Dus sette se no yn op de kranen. "It is skande dat it sa rap groeid is. Ik wie hjir foar de boufak noch en doe wie der neat oan de hân. Yn in pear moannen tiid is de hiele rivier derûnder strûpt. Mar hooplik krije wy it plantsje wer lyts."
It Wetterskip tinkt noch fjouwer wiken oan de gong te wêzen om alles op te romjen. Dernei sil sjoen wurde hoe't sy takom jier it plantsje de baas wêze kinne.