Fertochte saak-Klijnstra langer fêst, advokaat yn heger berop

De man út Wolvegea dy't fertocht wurdt fan de belutsenheid by de dea fan Ida Klijnstra yn 2008, bliuwt 90 dagen langer fêstsitten. Hy is ien fan de twa fertochten dy't oardel wike lyn oanholden binne.
Ida Klijnstra-Kuipers © Omrop Fryslân
Ida Klijnstra-Kuipers waard yn 2008 dea fûn yn har wenning yn De Blesse. Ferline wike waard bekend dat der twa fertochten oanholden binne. It giet om in 39-jierrige man út It Hearrenfean en in 34-jierrige man út Wolvegea.
De 39-jierrige Feanster hie yn oktober in ferklearring ôflein oer it geweldsmisdriuw yn 2008. Dêrop is it ûndersyk weriepene. De fertochte hat yn 2009 ek yn byld west by it ûndersyk. Dizze 39-jierrige man hat him sels op it plysjeburo meld. Dêrnei is ek de twadde fertochte oanholden.

Heger berop

It foararrest fan de man út Wolvegea is no dus ferlinge. Syn advokaat Tjalling van der Goot wie tsjin in langer foararrest. Hy giet yn heger berop tsjin it beslút fan de rjochtbank. It Ljouwerter gerjochtshôf moat no bepale oft de fertochte terjochte fêstsit.
De oare fertochte sit ek noch fêst.
De ferwachting is dat yn febrewaris 2022 in iepenbiere sitting komt oer de saak.