FryslânDOK presintearret: 'No Crying at the Dinner Table' en 'Ma rue couche-toi là'

Yn 'De Wike fan FryslânDOK' lit Omrop Fryslân tsien bysûndere dokumintêres sjen. Dizze woansdei binne dat No Crying at the Dinner Table en Ma rue couche-toi là. Fierders binne der ek fragminten fan de Waadfilm Silence of the Tides te sjen. Te gast binne filmregisseur Pieter-Rim de Kroon en Annet Huisman, programmamakker FryslânDOK.
No Crying at the Dinner Table © Omrop Fryslân

Geheimen

No Crying at the Dinner Table (15 minuten) is fan de Kanadeesk-Fjetnameeske filmmaker Carol Nguyen. Se ynterviewt har eigen famylje, los fan elkoar. Se fertelle har geheimen en fertriet oan har, dingen dêr't se earder noait oer prate koene. As Nguyen de trije minsken by elkoar set oan tafel en de ynterviews hearre lit, komme de emoasjes.
Silence of the Tides © Windmill Film

Azem

Silence of the Tides giet oer it Waadgebiet, de natuer en de minsken dy't dêr wenje en wurkje. De film fan Pieter-Rim de Kroon hie syn Fryske premjêre op it Noordelijk Film Festival. Yn 'De Wike fan FryslânDOK' litte we inkele fragminten sjen.
Yn dizze film is it Waad, fan Noard-Hollân oant Denemarken, ien grut, libjend, azemjend organisme. Eb en floed binne fan fitaal belang foar de floara, fauna en de minske. De Kroon filmet 'de stilte fan it tij', dy't faak trochbrutsen wurdt troch libben fan stoarm, fiskersboaten en strieljagers. Fan 9 desimber ôf is de film te sjen yn de Nederlânske bioskopen.
Ma rue couche-toi là © Omrop Fryslân

Wykagint

Ma rue couche-toi là (46 minuten) fan Léa Zilber is in filmysk portret fan de bewenners fan in strjitte yn Brussel. Haadpersoan is de wykagint, dy't mei elkenien yn goed kontakt stiet. In leafdefolle film, mei in spesjale foarmjouwing fan yllustraasjes.
De Wike fan FryslânDOK: fan tiisdei 23 novimber oant en mei freed 26 novimber fan 21.00 oere ôf op Omrop Fryslân telefyzje. Alle films hawwe Nederlânske of Ingelske ûndertitels. De films binne allinne te sjen op telefyzje en dus net online.
FryslânDOK hat mei it PLONS! Film Festival en mei Circom, de organisaasje fan omroppen yn Europa, in tsiental ynteressante dokumintêres selektearre.
Annet Huisman, Karen Bies en Pieter-Rim de Kroon © Omrop Fryslân