Miljeufederaasje docht nachtskou by ûndernimmers foar tsjusterder Waadgebiet

De Friese Milieu Federatie hat tiisdeitejûn by Marrum foar de fiifde kear yn Noard-Nederlân in 'nachtskou' dien. Dêrby wurdt der mei in ljochtadviseur sjoen by ûndernimmers dy't meidwaan wolle om it Waadgebiet tsjusterder te meitsjen.
Miljeufederaasje docht nachtskou by ûndernimmers foar tsjusterder Waadgebiet
Yn in gebiet dêr't toeristen komme foar de rêst en it tsjuster is in ljochtplan dat rekken hâldt mei fûgels, flearmûzen en oare natuer in útkomst. Duorsum ljocht dus, dat dochs feiligens biedt.

Ferbetterpunten

Earder is by Esonstêd de ferljochting al passend makke foar de omjouwing. Yn Marrum meitsje se by de nije ûndernimmers fan de Seedykstertoer in rûntsje oer it terrein mei camping, Het Lage Noorden. Mei in ljochtadviseur sjogge sy op it hiem wat der ferbettere wurde kin op bygelyks it campingterrein.
In ljochtsaakkundige jout advys op it campingterrein Het Lage Noorden by Marrum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der wurdt sjoen nei it ferlet fan ljocht, mar sûnder dat it negative gefolgen hat foar de natuer. Sa moatte mear toeristen dy't duorsum rekreëarje wolle nei de streek komme. Tsjusterder meitsje is it útgongspunt en it is ûnderdiel fan it programma Donkerte van de Wadden, seit Hinke Pietersma fan de Friese Milieu Federatie.

Duorsum toerisme

"Sa kin de duorsume toerist derfan genietsje en we stypje ûndernimmers dy't der oan meiwurkje wolle. Dan is it de bedoeling dat der folle mear nachtaktiviteiten komme. Dat kin natuerbelibbing wêze, stjerren sjen, kuierje en ek de 'Nacht van de Nacht' is der ien fan."
Hinke Pietersma fan de Friese Milieu Federatie
Mei in ljochtadviseur sjogge we op it hiem fan ûndernimmers Het Lage Noorden by Marrum