Provinsje akseptearret eigen greidefûgelplan fan lânbou-organisaasjes

Deputearre Douwe Hoogland is wiis mei de ôfspraken dy't alve lânbou-organisaasjes op papier set hawwe oer it beskermjen fan greidefûgels. Dy organisaasjes binne sels mei in foarstel kaam, om't sy it net iens wiene mei in earder foarstel fan de provinsje.
Ljippen © Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)
It draait allegearre om de wetlike soarchplicht dy't boeren hawwe foar greidefûgels lykas de skries en de ljip. De provinsje woe dat earder regelje troch fêst te lizzen dat fûgelwachters yn 'e maiitiid de greiden neisjogge op nêsten foardat de boer mei grutte masinen it lân op giet. Mar dat foarstel wie foar in soad boeren net akseptabel.
Yn it foarstel fan de lânbou-organisaasjes stiet dat boeren de greidefûgels sels beskermje en dat de alve organisaasjes har leden dêr op oansprekke.

Wurdearring

Deputearre Hoogland kin it wol wurdearje dat de lânbou-organisaasjes sels mei in plan kaam binne om de greidefûgels te beskermjen.
Neffens him binne de ôfspraken yn de geast fan de earder formulearre útwurking fan de soarchplicht foar greidefûgels. "Wy moatte mei-inoar sjen oft dit de kommende jierren wurkje kin", sa seit de deputearre.

Utwurkje en oansprekke

"It is oan de boerepartijen sels om de útwurking stal te jaan", seit deputearre Hoogland. "As der yn 'e praktyk wat misgiet en it leit oan de boer, dan sille wy de alve partijen der op oansprekke."
It dokumint is tekene troch Agractie, Het Friesch Grondbezit, Agrarische Jongeren Fryslân, Farmers Defence Force, Netwerk Grondig, Nederlandse Melkveehouders Vakbond, Dutch Dairyman Board en de Nederlandse Akkerbouw Vakbond. Ek is it ôfsprakeramt dield mei natuer- en miljeuorganisaasjes.
© Omrop Fryslân
"De winst is dat alve boere-organisaasjes no mei-inoar ôfspraken makke hawwe oer greidefûgelbehear. Se moatte no sjen dat se dy ôfspraken ek neikomme", sa seit Hoogland.

Yn belied fêstlizze

Provinsjale Steaten prate woansdei oer de Greidefûgelnota fan Deputearre Steaten. Hoogland wol de ôfspraken mei de lânbou-organisaasjes oer it beskermjen fan de greidefûgels taheakje oan de Omjouwingsferoardering, dy't takommend jier fêststeld wurdt.
Harkje nei deputearre Douwe Hoogland
De provinsje wol de ôfspraken mei de lânbou-organisaasjes oer twa jier evaluearje. "As dit in groei fan it tal greidefûgels opsmyt, dan bin ik dêr hartstikke wiis mei."