Jan Zijlstra fan Kollum rydt al 40 jier mei de fiskwein

Hy makket lange wurkdagen fan moarns oant jûns, fiif dagen yn 'e wike. Mar nei 40 jier tsjinst hat Jan Zijlstra fan Kollum it noch altyd nei it sin by Louw Spijkerman Zeevis. Mei de fiskwein rydt hy troch Fryslân en Grinslân en ferkeapet hy benammen kibbeling en lekkerbekjes.
Zijlstra (59) begûn as fiskfilearder by de gruthannel yn Lauwerseach. Inkelde jierren letter kaam in plakje frij op 'e fiskwein en dy kâns grypte hy mei beide hannen oan. Sûnt dy tiid rydt hy tûzenen kilometers yn it jier om fisk te ferkeapjen.

Fêste klanten

Op tiisdeitemoarn treft Zijlstra faak in groep fêste klanten. Meiwurkers fan de gemeente yn Kollum ha moarnsbetiid al wol nocht yn in stikje fisk. Nei al dy jierren hat de fiskferkeaper noch hieltyd in soad wille yn syn wurk, en bakt hy noch graach kibbeling foar syn klanten.
Jan Zijlstra (59) fertelt hoe't syn wurkdei derút sjocht
© Omrop Fryslân, Mats Gies