Personielskrapte op Skylge: winkel hellet alle dagen personiel út Harns

It is in grut probleem yn it lyts: de HEMA op Skylge hat te min personiel. Der moatte no meiwurkers fan it filiaal fan Harns ynset wurde. Om't dy de boat pakke moatte, binne de iepeningstiden fan de winkel oanpast.
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
"Op dit moment is het de bedoeling dat er minimaal twee mensen per dag van Harlingen naar Terschelling moeten", fertelt assistint bedriuwslieder Rene Vos. De maatregel is ek foarlein oan nije wurknimmers yn Harns. "Die mensen staan er niet negatief tegenover."

Fjochtsje om personiel

It slagget de winkel noch net om sels personiel te finen foar it eilân. "Iedereen op het eiland kampt met weinig personeel, het is een beetje vechten om hen. Vanaf september ontstond het probleem. Toen namen er bij ons mensen afscheid, maar er zijn geen mensen voor in de plaats gekomen."

Iepeningstiden oanpasse oan de boat

De meiwurkers dy't oanfleane, binne ôfhinklik fan de tiden fan de rederij. Vos: "We gaan op dit moment met de snelboot van 08.15 uur naar Terschelling en om 16.30 uur gaan we weer terug. Dat moet wel zo vroeg, want anders zijn ze afhankelijk van de langzame boot. Eén keer zou niet zo erg zijn, maar als het iedere week moet is dat niet te doen."
Assistint bedriuwslieder Rene Vos
Dêrom binne ek de iepeningstiden fan de winkel oanpast, nei 09.30 oant 16.00 oere. "We hopen dat het zo snel mogelijk weer ruimer wordt. Er staat een grote poster voor de deur en via internetpagina's en onze eigen website vermelden we dat we mensen zoeken", seit Vos.