It âlde gemeentehûs fan Kollumerlân wurdt fertimmere ta grand kafee

It is in ikoanysk gebou yn Kollum: it âlde gemeentehûs fan Kollumerlân. It Ryksmonumint oan de Foarstrjitte krijt ynkoarten in oare funksje: takom jier maart hoopje Wierd Visser en Willem Thies dêr it grand kafee WALD te iepenjen.
Op dit stuit wurdt der noch drok ferboud yn it monumintale pân: de elektra wurdt oanpakt en der komt in luchtbehannelingsynstallaasje. Dat duorret wat langer as earder tocht, mar de eksploitanten sjogge dêr fanwegen de âldens fan it gebou net fan op.
"Je zit natuurlijk met de restauratiewerkzaamheden", fertelt Thies. "Er heeft een stukadoor in het pand gezeten, om de authentieke plafonds aan te pakken. Daar is hij vele weken mee bezig geweest."

Húskeamer

It is de bedoeling dat der ek in húskeamer yn it âlde gemeentehûs komt. Dêrfoar is Stichting Huiskamer Kollum oprjochte. It projekt krijt in Europeeske subsydzje fan sa'n 150.000 euro.
De manlju wolle ek ferbining sykje mei de njonkenlizzende soarchynstelling fan Talant. Mooglik kinne kliïnten fan Talant in part fan de dei oan it wurk yn it kafee.