Hoe is it om makelder te wêzen yn dizze tiid?

It soenen gouden tiden wêze moatte foar de makelders. Der is in soad belangstelling foar Fryske hûzen en hûzeprizen rinne flink op. Makelders Jaap Kingma en Willem Donker litte de oare kant fan de hûzemerk sjen, dy't foar harren somtiden bisteftich is.
Hoe is it om makelder te wêzen yn dizze tiid?
Kingma syn ferhaal bringt ús yn Ingwierrum. Hjir stiet it hûs dat hy sjocht as it foarbyld fan de huzemerk op dit momint. In hûs yn in echt krimpdoarp mei sa'n 500 ynwenners soe in pear jier lyn in skoft te keap stean, mar no net. Der ha sawat fyftich besichtigingen west en dêrnei is der fjirtichtûzen euro boppe de fraachpriis bean.

Bisteftich

"Ik sit al sawat 25 jier yn it fak, mar hoe't de wenningmerk der op dit momint útsjocht, fyn ik neat oan. It is bisteftich. It kostet no sa folle wurk om't der safolle besichtigingen binne foar elk hûs. Dan moat ik somtiden wol 50 kear itselde praatsje hâlde."
Hûs yn Ingwierrum © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Omrop Fryslân hat de kommende wiken mear omtinken foar de Fryske huzemerk. Sjoch hjirûnder nei de de earste twa dielen.
Je soene ek tinke dat mei de hege huzeprizen makelders goud jild fertsjinje. Mar dat leit hiel oars, fertelt Kingma: "Der is grutte honger foar wurk en de konkurrinsje is grut. Dêrom biede makelders har tsjinsten oan foar folle minder op it stuit."
Kingma fernimt it ek yn syn bedriuw: se binne fan fjouwer meiwurkers nei twa gongen: der is gewoan kwealik wurk.
Wat ik spitich fyn, is dat de hufterichheid fan it keaperspublyk tanimt.
Willem Donker
Foar Willem Donker, dy't al 27 jier yn it fak sit, is it in tiid mei djipte- en hichtepunten. Oan de iene kant hat hy fan it simmer in hûs ferkocht mei de heechste oerbieding oant no ta. In stel út Amsterdam hat 220.000 euro mear bean foar in hûs ôfrûne simmer.
Tagelyk bart it hieltyd faker dat hy safolle minsken teloarstelle moat en reagearje potinsjele keapers hieltyd mear frustrearre. Donker: "Wat ik spitich fyn, is dat de hufterichheid fan it keaperspublyk tanimt."

Bedrigingen

De makelder fertelt dat er guon tiden sels bedrigingen krijt fan teloarstelde keapers: "Dêr hâld ik net fan. Je moatte it spul wol earlik spylje en fair omgean mei teloarstellingen as je de keaper net wurde."
Donker besiket sa iepen mooglik te wêzen. As der bygelyks noch in tal serieuze keapers oer binne, wurde se útnûge op it kantoar en lêze se de biedingen foar. Sa wit elkenien dat it earlik giet.

Elkenien in kâns jaan

Kingma hat dêr in eigen wurkwize foar. Wylst oare makelders wurkje mei in besichtigingsstop, docht Kingma dat net. Hy wol elkenien in kâns jaan om mei te dwaan, mar dan hat it wol ta gefolch dat elke keaper mar tsien minuten tiid mei him hat en dêrnei noch even troch it hûs rinne kin.
Donker hat in limyt fan tolve besichtigingen foar elk hûs. Donker: "It is foar de makelder en de ferkeaper net te dwaan om 30 besichtigingen yn te plannen, en de ûnderfining leart dat de keaper faak yn de earste searje fan tolve sit."
© Shutterstock.com (Elitprod)
Beide makelders binne it der oer iens: dit kin net langer sa trochgean. Hoe tinke se oer it kredo 'bouwe, bouwe, bouwe'? "Dat wurdt al jierren roppen, mar der wurdt noch net genôch boud", seit Donker. De maatregels dy't oant no ta naam binne, neamt er 'lapmiddels'.
Jaap Kingma
Neffens Kingma is it mei bouwen allinnich noch net klear: "As se de rinteôftrek ôfskaffe, dan rekket dat minsken yn de beurs, sa't se wat minder hege prizen betelje kinne. Dat soe ek in goede aksje wêze."

Takomst

Beide makelders doare net te sizzen hoelang't de gekte op hûzemerk noch oanhâlde sil. Donker sjocht wol in opfallende ûntwikkeling: sûnt in wike as trije nimt it tal oanfragen foar besichtigingen wat ôf, ek by kollega's. "It soe samar wêze kinne dat der wat 'kopersmoeheid' oankomt, dat guon keapers tinke: we belje net mear, want it sil wol ferkocht wurde."
Willem Donker