Heechlearaar oer rellen Ljouwert: 'Tieners mear sjen litte wat wol en net kin'

De relskoppers fan sneintejûn yn Ljouwert wiene foar in grut part jongeren. Harren brein is noch net optimaal ûntwikkele en dêr moatte se noch ûnderfining yn krije, seit emearitus-heechlearaar neuropsychology Jelle Jolles. Sa kinne sokke eksessen yn de takomst foarkaam wurde.
In grutte groep minsken bûten it stadion © CAMJO media
Foar de twadde kear yn koarte tiid waard Ljouwert moandei wekker nei in ûnrêstige nacht. De plysje moast sneintejûn hurd yngripe by it Cambuurstadion. It gong der sa bot om wei, dat se fjoerwapens lutsen hawwe, en ek rjochte op de relskoppers. Dy wiene opfallend jong, sei Cambuurdirekteur Ard de Graaf. Hy hie it oer 'kleuterrellen'. Boargemaster Sybrand Buma hie der ek gjin goed wurd foar oer.
It ferraste emearitus-heechlearaar neuropsychology Jelle Jolles net dat der protestearre waard. Mar wol dat it op sa'n grutte skaal bard is. Jolles hat meardere boeken skreaun oer 'it tienerbrein'.

Kopieargedrach

Wat der bard is, is ien grutte foarm fan kopieargedrach, neffens Jolles. Jongeren fan 15, 17 jier dy't mei fjoerwurk en stiennen smite nei plysje 'mei de platte pet', witte net dat dat ta deadlike slachtoffers liede kin. Dat moat folle mear dúdlik makke wurde. It giet derom te witten wêrom'tst guon dingen net dwaan moatst. Jolles seit der wol by dat de bern it dreech hân hawwe en dat noch hawwe. Se moasten lange tiid thúsbliuwe fanwege corona.
De neurologyske kant fan de saak is dat harren brein noch yn ûntwikkeling is: "Tieners van 15 van 17 zijn 'werk in uitvoering'. Ze moeten nog veel kennis en ervaringen opdoen. We moeten ze dat veel meer geven, waardoor dit soort dingen voorkomen kunnen worden", seit Jolles.

Argyfkast fan it brein

It binne gjin leechhollen dy't soks dogge, seit Jolles. Yn letterlike sin miskien wol, want kinst de holle sjen as in argyfkast fan it brein. By jongeren moat dêr noch in soad kennis en ûnderfining yn. Dêrom roppe jonge minsken fan 15 jier dy't yn de fout gien binne, faak in pear jier letter: "Wat wie dat dom fan my". Dan pas krije se in oersjoch fan de konsekwinsjes fan harren dieden. Alden spylje dêr in grutte rol yn, mar ek de skoalle mei in fak as wraldorientaasje. Dêr leare bern begripe wat wol en net kin.

Mear omtinken foar klachten

Jolles fynt dat it regear de ôfrûne oardel jier in soad dien hat oan sûnenssoarch, mar dat der te min each is foar klachten fan boargers. Sy wurde beheind yn harren mooglikheden en dêrtroch meitsje minsken harren soargen. De aksjes dy't it regear naam hat, binne miskien wol goed. Mar de oerheid hat it net goed oerbrocht nei de minsken.

Is it dan de skuld fan it regear?

Nee, seit Jolles. Dêr dogge se wat se kinne. Mar, der hat noch nea in pandemy west fan sa'n omfang en gjinien hie fan 't simmer ferwachte dat der sa'n grutte coronaweach oan komme soe. En dat makket de situaasje ûndúdlik.
De professor fynt dat de klam net te bot lizze moat op wat ferkeard gien is. Earder op wat dêrfan te learen falt. Der moat folle mear dien wurde oan previnsje. Soargje derfoar dat minsken better op de hichte binne fan it feit dat der gjin oare mooglikheden binne. Dêr leit njonken foar de âlden ek in taak foar oerheden, skoallen en sportferieningen.

'Wol reedlik, mar net frijlitte'

Fierders moatte âlden holpen wurde om mei de bern om te gean dy't 14,15 jier âld binne. Dat is in drege put. Dochs is de 'gebrûksoanwizing' fan sokke bern makliker as datst tinkst. "Tieners zijn vaak veel redelijker dan je denk. Je moet ze alleen niet vrijlaten."
Jelle Jolles