Omrop TIP: De Wike fan FryslânDOK mei tsien bysûndere dokumintêres

Fan tiisdei 23 oant en mei freed 26 novimber is it 'De Wike fan FryslânDOK'. In wike wêryn't Omrop Fryslân tsien bysûndere dokumintêres út binnen- en bûtenlân sjen lit. Unferwachte ferhalen mei in oare blik op 'e wrâld. Fjouwer jûnen op rige fan 21.00 oant 23.00 binne twa of trije films te sjen.
© Sébastien Segers
FryslânDOK hat mei PLONS! Film Festival en mei Circom, de organisaasje fan omroppen yn Europa, in tsiental ynteressante dokumintêres selektearre.
Op tiisdei binne dat de Russyske film Puberty fan Elena Kondrateva en de dokumintêre Déconnectés fan de Belgyske sjoernalist Valéry Mahy.
Op woansdei No crying at the dinner table fan de Kanadeesk-Fjetnameeske Carol Nguyen, Ma rue couche-toi là fan Lea Zilber út Brussel. Fierders bylden út de Waadfilm Silence of the tides fan Pieter-Rim de Kroon, dy't ynkoarten yn de bioskoop komt.
Op tongersdei fertoane wy Traag naar de Hemel fan Marlies Smeenge en de Ierske muzykfilm Farewell to music fan regisseur Cathál Ó Cuaig.
En op freed wurde trije films útstjoerd: La Mouette fan de Flaamske regisseur Sébastien Segers, Memre Yu fan Zaïde Bil út Grins en ta beslút in koarte dokumintêre út Stockholm fan Johan Palmgren: The traffic separating device.

Prate oer films

Presintator Karen Bies praat alle fjouwer jûnen yn it foar mei ferskate filmmakkers en -kenners oer de films en oer har wurk.
De Wike fan FryslânDOK: fan tiisdei 23 novimber oant en mei freed 26 novimber fan 21.00 oere ôf op Omrop Fryslân telefyzje. Tink derom: de films binne allinne te sjen op telefyzje en dus net online, dus mis dit net!