HEA! Hearlik hurddrave mei in frame

Framerunning is in betreklik nije sport dy't it minsken mei in lichaamlike beheining mooglik makket om dochs hurd te draven. Yn Ljouwert wurdt it sûnt in pear jier dien op de atletykbaan en winters yn 'e seal.
HEA! Framerunning
In groep entûsjaste bern is hjir dwaande ûnder lieding fan in fysioterapeut en in sportcoach. De jonge sporters brûke in op mjitte makke rinfyts mei in boarststeun en trije tsjillen, ien foar en twa oan de sydkanten. Mei de framerunner kinne se hearlik race.