Sylster Laila van der Meer debutearret mei 'wichtich' achtste plak op WK

Sylster Laila van der Meer fan Grou is mei Bjarne Brouwer as achtste einige op it wrâldkampioenskip yn de Nacra 17. Se begûnen op dy posysje oan de medal race en dêr feroare neat mear oan.
Laila van der Meer en Bjarne Brouwer © Sailing Energy
Van der Meer kin libje mei it einresultaat. "It wie in drege wike, mei hiel goede resultaten, mar ek in pear behoarlike ôffallers. Uteinlik binne we bliid dat we de hiele wike it achtste plak fêsthâlde koenen."
Foar it wrâldkampioenskip sei Van der Meer dat se op in plakje by de earste acht hope. "Dan krijst in A-status by it NOC*NSF", sei se. "We binne ús oan it tarieden op de Olympyske Spelen fan 2024 yn Parys. As we de A-status krije soenen, soe ús dat hiel bot helpe yn de oanrin."
De A-status smyt finansjele stipe op fan it sportbûn.

Noch spannend

Van der Meer en Brouwer moasten noch wol foar dat achtste plak stride, want by it yngean fan de medal race hienen de nûmers njoggen en tsien noch kâns om it Nederlânske duo yn te heljen. It achtste plak yn de medal race wie úteinlik genôch. "It wie spannend oant de lêste meters", seit de Friezinne.
De titel yn Oman wie foar it Britske duo John Gimson en Anna Burnet. Twadde waarden Gianluigi Ugolini en Maria Giubilei (Italië) en it brûns gong nei Paul Kohlhoff en Alica Stuhlemmer (Dútslân).

Debút

It wie foar Van der Meer har earste wrâldkampioenskip. Earder dit jier einige it duo as sânde op it Europeesk kampioenskip.
De Nacra 17-klasse is in relatyf nije klasse mei in bysûndere boat: in katamaran dy't wat oer it wetter hinne fljocht.