Grouster restaurant mei gjin ljochtletters op dak ha fan gemeente

De gemeente Ljouwert sit restaurant Bartele's Diner by Grou dwers. Alteast, sa fielt it foar eigener Bartele Santema. Hy wol ljochtreklame op it dak ha, mar dat mei net fan de gemeente.
Santema wol de namme fan syn saak boppe-op it dak pleatse litte, sadat dizze fan de sneldyk ôf te sjen is. Dêrfoar hat hy in plan yntsjinne foar ljochtletters fan 80 sm heech. De gemeente wol dit net. Neffens de wolstânskommisje Hûs en Hiem is it ljochtfersmoarging fan it lânskip.
Neffens Santema binne de ljochtletters lykwols nedich om klanten te lûken. "Wy binne net sichtber fan de sneldyk ôf. Dat ferkear, der komme deis sa'n 50.000 auto's lâns, dêr wolle we dochs wat klanten fan sjen te krijen."
"Dy ha we ek wol nedich yn it restaurant, want no is it gewoan it âld stasjon. Fan binnen is it hartstikke moai, mar fan bûten kinst net sjen dat der in restaurant yn sit."

Fernuvering

It fernuveret Santema bot dat hy gjin tastimming krijt foar it pleatsen fan de ljochtletters op it dak, om't der oan de oare kant fan 'e dyk grutte gebouwen mei ljocht stean. "Dêr mei it wol en dat is noch folle heger ek. Ik tink dan ek dat de adviseur 'ruimtelijke kwaliteit' der hielendal net west hat om even te sjen."
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
Hy mei de letters wol op de bûtenmuorre fan it gebou pleatse, by de wc's. "Dat is suver in fernedering, en ek net heech. Dat sjochst net fan de sneldyk ôf."
Santema hie syn ferhaal op Facebook set en dêr krige er in soad reaksjes op, ek fan oare ûndernimmers dy't mei itselde probleem sitte. "Dus ik bin net de iennige. Dat jout my ek wol dat ik dit dochs trochsette moat en in stap fierder."

Nij foarstel

Hy sil de gemeente no earst in nij foarstel dwaan. "Mar ik wol eins net ynjaan op de grutte fan it ûntwerp en ik gean ek net op de muorre fan de wc's. Wat wol in kompromis wêze kinne soe, is dat ik bygelyks jûns om tsien oere de ljochten útdoch."
De gemeente jout oan dat Santema syn ûntwerp yndied net yn it wolstânsbelied past. Ljouwert seit ek dat it oare suggestjes dien hat, bygelyks de letters op de muorre pleatse.
Bartele Santema