Wer nij deirekôr: 992 coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 992 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 303 mear as freed. Doe waarden 689 besmettingen meld. Sûnt it begjin fan de pandemy wienen der net sa folle besmettingen op ien dei yn Fryslân.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 687 besmettingen meld yn Fryslân. Freed wie dat trochsneed noch 637 besmettingen, in wike lyn 542.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân en Waadhoeke.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om twa ynwenners fan Dantumadiel en ien fan Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 21.873. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 19.823.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.