Klanten yn de rige foar iepening nije kringloopwinkel yn Burgum

De kringloopwinkel fan Burgum koe sneontemoarn nei oardel jier de doarren wer iepen dwaan. Mar dan wol op in oare lokaasje. De nije lokaasje is in stik grutter en hat gjin treppen. Dit soarget foar in feiligere winkel foar de klanten en de frijwilligers.
Op sneuptocht yn Burgumer kringloop:
Al foar tsien oere stiet der yn Burgum in grutte rige foar de yngong fan de nije kringloopwinkel. Sawol hannelers as fans wolle der as earste by wêze as de doarren nei oardel jier wer iepengeane.
Oan it begjin fan de coronakrisis moast de Burgumer Estafette, lykas in soad oare saken, de doarren tichtdwaan. It wie net mooglik om yn de lytse winkelromte yn it sintrum fan it doarp oardel meter ôfstân te bewarjen. Mar doe't de maatregelen ferromme waarden, bleau de winkel ticht. Oant no.

Nij winkelkonsept

De Estafette hat yn de tuskentiid in nije, rommere lokaasje krigen krekt njonken it sintrum fan it doarp. Hjir is plak om ek oan de slach te gean mei it nije winkelkonsept fan Omrin, wêrby't de kringloop net mear fielt as in soarte fan rommelmerk, mar mear as in meubelbûlevaar.
Om kertier oer tsienen rinne de earste klanten alwer nei bûten ta, mei in laits op it gesicht en de hannen fol guod: in fertroude en suksesfolle Burgumer sneuptocht.