Klaas Agricola oer amtlike skieding: "Wy koenen net slachfeardich operearje"

Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel seit dat de gemeenteried fan syn gemeente no oan set is. Earder dizze wike is bekend wurden dat gemeente Noardeast-Fryslân de amtlike gearwurking mei Dantumadiel net fuortsette wol.
© Omrop Fryslân
Yn 2017 fusearren eardere gemeenten Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Dantumadiel woe net mei yn de folsleine fúzje, mar woe amtlik wol nauwer gearwurkje.

Amtlike gearwurking

En dy gearwurking hat jierrenlang west, mar earder dizze wike liet gemeente Noardeast-Fryslân witte de gearwurking net trochsette te wollen. "Der hat in ûndersyk west en dêr hat de gemeente Noardeast-Fryslân besletten om op te hâlden per 1 jannewaris 2024. En de gemeente Dantumadiel hat oanjûn fierder te wollen, mar wol op in oare wize."
Boargemaster Klaas Agricola seit dat syn gemeente wol minder yntinsyf gearwurkje woe: "Saken dy't goed giene, woene we graach fuortsette. En saken dy't net goed geane op in oare manier dwaan."
Klaas Agricola oer de kar fan Noardeast-Fryslân om op te hâlden mei de gearwurking:
Neffens Agricola wie it bytiden dreech om mei syn twaen knopen troch te hakken. "It duorre te lang foardat dingen ta in útdragende saak kamen. Wy koenen net slachfeardich operearje."
De beslútfoarming knypte benammen op it mêd fan romtlike oardering, seit Agricola. "Wy ha in opjefte mei huzebou, der moatte bestemmingsplannen makke wurde, en benammen op dat mêd wie it dreech."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Klaas Agricola.
"It hat net brocht wat beide partijen derfan ferwachten", seit de boargemaster. De fraach yn Noardeast-Fryslân wie oft Dantumadiel as lytsere gemeente net mear fan de gearwurking profitearre as oarsom. "Dy yndruk, dat jout de boargemaster fan Noardeast-Fryslân wol oan."
Sels sjocht Agricola dat net sa: "Profitearje is in hiel grut wurd, wy binne dizze konstruksje oangongen om der beide better fan te wurden."
Dantumadiel sil nije amtners sykje moatte, fertelt Agricola:
"Us ried is no wer oan set", seit Agricola. "Dy sil beslute wat Dantumadiel no dwaan sil." Hy seit dat in referindum dúdlikheid jaan kinne soe oer de takomst fan Dantumadiel.

Nije amtners

Dantumadiel sil as selsstannige gemeente yn alle gefallen wer nije amtners sykje moatte. "De eardere amtners, 150 man, dy sitte no by Noardeast-Fryslân, dus dêr moatte we nei sjen hoe't we dat dwaan sille."
De partijleaze boargemaster makket him der lykwols net al te drok om. "Der binne genôch gemeenten dêr't de amtlike gearwurking ek ûntflechte is, en dy binne dêr ek flot útkommen."
Klaas Agricola is posityf oer de selsstannigens fan Dantumadiel:
Agricola tinkt dat Dantumadiel ek as selsstannige gemeente in takomst hat: "Der binne yn Nederlân noch 84 gemeenten mei minder as 20.000 ynwenners. En it giet hartstikkene goed."
"Persoanlik leau ik yn lytsskalichheid, omdat je tichter op de minsken sitte, je witte wat 't der spilet", leit de boargemaster út. Ek finansjeel docht de gemeente it better as in pear jier lyn, seit Agricola. "Wy ha no wer genôch fet op de bonken om foarút te kinnen."
© Omrop Fryslân