De Dútske krystmerken, dy't populêr binne by in soad Nederlanners, geane dit jier foar part net troch. De dielsteat Beieren hat bekendmakke dat de krystmerken yn de hiele steat skrast wurde. De merken dy't wol trochgeane, lykas dy yn Nordrhein-Westfalen, binne bûn oan strange regels. Op dy krystmerken jildt de 2G-regel.
Dat betsjut dat besikers allinnich wolkom binne as se folslein faksinearre binne of koartlyn corona hân ha. Boppedat sjocht Dútslân ús lân wer as heechrisikogebiet. Dat hâldt yn dat minsken dy't nei Dútslân reizgje wolle, har earst online oanmelde moatte.