Dochs lanlik fjoerwurkferbod: "Ik ha in pear kear flokt"

Fjoerwurkferkeaper Taeke Brouwer fan Frjentsjer wist net wat er hearde, doe't it demisjonêre kabinet dochs besleat om in lanlik fjoerwurkferbod yn te fieren mei âld en nij. "It is ferskriklik. Ik ha in pear kear flokt."
Brouwer hat mear as 30 ton fjoerwurk noch lizzen:
De druk op de sikehûzen is heech en dêr kinne gjin fjoerwurkslachtoffers mear by, fine de boargemasters en sikehûsbestjoerders. It demisjonêre kabinet kin him dêryn fine.
Ferline jier wie der ek al in ferbod op it ôfstekken fan fjoerwurk en dat hie ek effekt, neffens minister Hugo de Jonge.

Oertsjûgjend ferskil

Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân, slút him dêrby oan. "Foarich jier, doe't der ek in ferbod wie, wienen der minder as 400 slachtoffers. It jier dêrfoar, sûnder ferbod, mear as 1200. Dat ferskil fyn ik hiel oertsjûgjend. It is spitich foar de leafhawwers, mar de feilichheid giet foar."
Brouwer kin syn fjoerwurk foarearst wer bewarje. "Ferline jier hie ik 25 of 26 ton oan fjoerwurk lizzen. Dat ha ik gewoan holden, net weromstjoerd. Foar dit jier hie ik der noch wat by kocht. It bliuwt wol goed, mar it is net de bedoeling dat je it hjir jier op jier hâlde."

'Fuotbaljen of reedriden ferbiede'

De Frjentsjerter hanneler is benaud dat der úteinlik in folslein fjoerwurkferbod komt. Dat it ferbod dit jier helpt om de druk op de soarch net te ferheegjen mei mooglike fjoerwurkslachtoffers leaut Brouwer net sa. "Se brûke de ferkearde arguminten. Dan kinst it reedriden of it fuotbaljen ek wol ferbiede, dat smyt ek alle wykeinen hûnderten minsken op de earste help op."
Foarstanners fan in fjoerwurkferbod wize derop dat fuotbaljen en reedriden goed is foar de sûnens, fjoerwurk net.