Liveblog | 19 novimber 2021

Coronanijs 19 novimber: 21.099 coronabesmettingen | Soad sport skrast

Yn dit liveblog melden wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 19 novimber 2021, 22:46
freed 19 novimber 2021
22:44

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
21:27

Fuotbalklup Dolsterhuzen spilet foarearst net

V.V. Delfstrahuizen hat foarearst oant 24 novimber alle trainingen en wedstriden skrast. It bestjoer fan de fuotbalklup yn Dolsterhuzen fynt it net mear ferantwurde om it trochgean te litten. It beslút is naam 'vanwege de sterk oplopende besmettingen in onze dorpen en binnen de voetbalvereniging.' It bestjoer fan de klup hat mei de KNVB oerlein oer de maatregel.
19:04

Betelle fuotbal krijt lege stadions fergoede

Klups út it betelle fuotbal yn Nederlân hoege net benaud te wêzen foar grutte finansjele skea troch lege stadions de kommende wiken. De oerheid stekt 36 miljoen euro yn in fûns om de gefolgen fan de nijste maatregelen op te fangen. Dat meldt de NOS.
18:39

Skoallen wer iepen

De skoallen De Diamant yn Aldegea (Smellingerlân) en De Flecht yn Lippenhuzen geane moandei wer iepen. Beide skoallen wienen dizze wike ticht fanwegen flinke coronaútbraken.
18:16

"Echt in gebrek oan respekt"

Ferpleechkundigen komme hieltyd faker yn ferfelende situaasjes:
17:01

Wedstriid Harkemase Boys - Ajax Amateurs giet net troch

De wedstriid tusken Harkemase Boys en Ajax Amateurs giet saterdei net troch. Dat komt omdat der corona fêststeld is yn de seleksje fan Ajax Amateurs.
16:45

Skoalle Aldegea (Smellingerlân) moandei wer iepen

De skoalle De Diamant yn Aldegea wie ien fan de basisskoallen dy't ticht wie fanwegen coronabesmettingen. Yn oerlis mei GGD Fryslân hat de skoalle besletten moandei 22 novimber wer iepen te gean, al is 't wol mei strange betingsten.
16:39

Húsdokters krije fan 7 desimber ôf in boosterprik

Húsdokters en meiwurkers krije fan 7 desimber ôf in boosterprik tsjin corona. Der binne 23 sikehûzen yn ús lân dêr't se prikt wurde kinne, yn guon regio's kinne húsdokters en meiwurkers mooglik noch earder in prik krije.
© Omrop Fryslân
16:12

Gemeente Harns hâldt op mei polsbantsjes

De gemeente Harns hâldt op mei polsbantsjes as tagongsbewiis. Yn Fryslân brûke mear gemeenten in systeem mei polsbantsjes. Besikers dy't in bantsje hawwe, hoege dan harren QR-koades net mear sjen te litten oan de doar.
15:56

FIDEO: Peter van der Wiel krijt de earste boosterprik fan Fryslân

De earste boosterprik fan Fryslân is hjoed set by de Kollumer Peter van der Wiel. Dat barde yn de nije faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân yn sikehûs de Sionsberg.
15:15

698 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 698 nije coronabesmettingen fêststeld, dat meldt it RIVM. Lanlik binne der 21.099 besmettingen fêststeld.

Ien stjergefal

Der is yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Achtkarspelen.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
14:52

Sinteklaasmearke 'Ronja de Roversdochter' yn de Lawei giet net troch

Neffens de organisaasje is it troch de hjoeddeiske situaasje oangeande de coronabesmettingen net ferantwurde om de foarstelling trochgean te litten. De foarstelling wie bedoeld foar de skoalbern fan skoallen yn Smellingerlân en omkriten.
De organisaasje sjocht no nei de mooglikheid om de foarstelling nei it earste fearnsjier fan 2022 te ferpleatsen.
14:16

Nije coronatestlokaasje yn Easterwâlde

GGD Fryslân nimt fan tongersdei 25 novimber ôf in coronatestlokaasje yn Easterwâlde yn gebrûk. It is de sechsde GGD-testlokaasje yn de provinsje Fryslân.
Neffens de GGD is de fraach nei testen op it stuit hiel heech. Yn Easterwâlde kinne 480 testen deis ôfnommen wurde.
13:21

Soarchmeiwurkers hoege net yn karantêne by coronabesmetting húsgenoat

It RIVM hat syn karantênebelied oanpast. Faksinearre soarchmeiwurkers hoege no net mear yn karantêne by in coronabesmetting fan in húsgenoat. Hjirmei wurdt besocht om personielsproblemen yn de soarch foar te kommen.
© ANP
In soarchmeiwurker falt allinnich ûnder dizze útsûndering as dyjinge 'absolút needsaaklik is om de kontinuïteit fan de pasjintesoarch te garandearjen'. Boppedat mei de meiwurker gjin klachten hawwe.
13:14

GGD Fryslân: "Wy rinne tsjin de grinzen fan it testsysteem oan"

It wie dizze wike drok by de teststrjitten fan GGD Fryslân. Der binne 22.573 testen ôfnommen by Friezen, hast 3.800 mear as ferline wike. "Wy rinne 'piepend en krakend' tsjin de grinzen fan it testsysteem oan. Coronatest.nl is oerbelêst, it callcenter is oerbelêst, yn de teststrjitten steane wer rigen", fertelt Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
Neffens de Graaf wurket it systeem minder goed as de fraach nei testen te heech wurdt. "It rint goed troch as wy op 80 persint fan de mooglikheden sitte, we sitte no oer de 90. Wy moatte hiel hurd bysette, wy dogge der alles oan. Mar moatst der op rekkenje dat it efkes duorret."
12:57

Dochs lanlik fjoerwurkferbod by âld en nij

It is takom jierwiksel ferbean om fjoerwurk ôf te stekken, dat meldt de NOS. Bepalend foar it demisjonêre kabinet wie neffens minister De Jonge "de nog steeds toenemende druk in de zorg". It kabinet fynt dat de druk op de sikehûzen net noch heger wurde moat troch allegear fjoerwurkslachtoffers. Tongersdei wie noch de ferwachting dat der gjin ferbod komme soe.
© Shutterstock.com (NDAB Creativity)
Ferline jier wie der ek al in ferbod op it ôfstekken fan fjoerwurk. Dat hie ek effekt, seit De Jonge: "Toen zagen we dat het leidde tot veel minder drukte op de spoedeisende hulp en voor de hulpdiensten."
12:43

Nederlân heechrisikogebiet foar Dútslân

Dútslân sjocht Nederlân wer as heechrisikogebiet. Dit komt troch it oprinnende oantal coronabesmettingen. Minsken dy't út ús lân nei Dútslân ta wolle, moatte harren online registrearje en se moatte yn karantêne as se gjin faksinaasjebewiis hawwe.
12:26

Wedstriid ONS Snits skrast

De wedstriid yn de haadklasse tusken ONS Snits en DETO Twenterand fan sneon giet net troch. Der binne coronabesmettingen yn de seleksje fan DETO. Ofrûne wike waard de wedstriid fan ONS ek al skrast. Doe hienen sy sels te krijen mei corona yn it team.
12:07

Earste boosterprik set

Peter van der Wiel út Kollum hat freed de earste boosterprik fan Fryslân krigen. Eins fynt hy dat eltsenien him faksinearje litte moat. "Ik heb in mijn kennissenkring mensen die principieel niet gevaccineerd willen worden en ik heb ze erop gewezen dat ze daar een hele verkeerde stap mee zetten. Ik snap niet waarom de regering vanwege de aard van de ziekte mensen niet verplicht zich te laten vaccineren."
Van der Wiel is bliid dat hy sa fluch syn booster krije koe: "Het is voor mij alweer een halfjaar geleden dat ik die twee prikken heb gekregen. Het blijkt dat de bescherming naargelang de tijd verder afneemt, dus ik was erg blij met die derde prik."
Peter van der Wiel út Kollum kriget earste booster
11:53

55 pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen

Yn Fryslân lizze 55 pasjinten yn de sikehûzen, dêr't 12 fan op IC lizze. Juster leinen 69 pasjinten yn de Fryske sikehûzen, dêr't 14 fan op IC lizze.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
11:03

Patiëntenfederatie: "Ofskale soarch is dramatysk"

Neffens Dianda Veldman fan de Patiëntenfederatie is it 'dramatysk' dat sikehuzen de kritike planbere soarch net altyd mear op tiid útfiere kinne. Dat seit se tsjin it ANP. "Dit is weer een grens die wordt overschreden. De laatste grens is dat ziekenhuizen mensen in doodsnood moeten weigeren."
Dizze planbere soarch moat gewoanwei binnen seis wiken útfierd wurde, mar dat slagget no dus faak net. "Zes weken is normaal gezien al lang als je de diagnose kanker hebt gekregen, want je zit in angst en spanning: ga ik dood? Als het nog langer duurt is dat dramatisch voor mensen", seit Veldman.
09:30

Soad amateurfuotbalwedstriden ôfsein

Yn ferbân mei it coronafirus geane in protte amateurfuotbalwedstriden dit wykein net troch. Sa binne ûnder mear de wedstriden fan it earste alvetal fan Skearnegoutum, SDS (Easterein) en Bakhuzen skrast. Ek by Geel Wit op It Amelân geane der wedstriden net troch.
Sekretaris Niels van der Geest fan de feriening hat hjiroer kontakt hân by de KNVB. Neffens it fuotbalbûn moatte de klups op syk nei in oare datum. Slagget dat net, dan wurde de wedstriden net spile.
09:22

Nije testlokaasje GGD yn Ljouwert

GGD Fryslân hat freed in pân oan de Elzenstraat yn gebrûk nommen as testlokaasje. Earder barde it testen yn it WTC. It WTC bliuwt wol in faksinaasjelokaasje.
© Kappers Media
07:55

Befeiliging by MCL om agresje tsjin te gean

Der is hieltyd mear agresje yn Fryske sikehuzen fan minsken dy't harren net oan de coronaregels hâlde. It Ljouwerter sikehûs MCL hat dêrom in ekstra befeiliger ynhierd en freget pasjinten en besikers mei klam om de regels te folgjen.
Yn de measte gefallen giet de agresje om skellerij, mar der is ek alris rjochting personiel flibe. "We fernimme hieltyd faker dat besikers en pasjinten har neat fan de regels oanlûke", seit Arno Huisman. Hy is teammanager en de foarsitter fan de ferpleechkundige-advysried yn it MCL.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
07:30

Minsken dy't in allergyske reaksje krigen, kinne dochs folslein faksinearre wurde

De Nederlandse Vereniging voor Allergologie en Klinische Immunologie (NVvAKI) seit dat minsken dy't nei harren earste coronaprik in allergyske reaksje krigen hawwe, dochs folslein faksinearre wurde kinne.

Spanning

Neffens de feriening giet it yn de measte gefallen hielendal net om in allergyske reaksje. "Veel klachten die worden beschreven, passen ook bij spanningsklachten. Een gevoel van een brok in de keel of een verhoogde hartslag bijvoorbeeld", seit Maurits van Maaren fan de organisaasje tsjin de NOS.
Neffens de GGD krigen 11.000 Nederlanners in reaksje nei harren earste coronafaksinaasje. Dizze minsken krije no dochs in oprop om ek de twadde prik te heljen.
07:05

Mear positive coronatests

Foar it earst yn ien wike binne yn Fryslân mear as fjouwertûzen coronabesmettingen fêststeld. It wiene der 4.432. Dat is in groei fan sawat in fjirdepart yn ferliking mei in wike earder. Mei de 4.432 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal 67.980 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.

Stjertesifer

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 505. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
De coronatestlokaasje fan de GGD yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
06:58

Eksperts: "Gryp yn om soarchynfarkt foar te kommen"

In tal eksperts liedt de needklok yn De Telegraaf. Neffens harren moat it kabinet fuortendaliks yngripe om de oprinnende coronasifers ûnder kontrôle te krijen om in soarchynfarkt foar te kommen. It tal coronapasjinten yn de sikehuzen rint al in tiid op. Dêrtroch wurdt oare soarch ôfskaald.
"Als het kabinet geen harde lockdown invoert, neemt het die uitgestelde zorg kennelijk op de koop toe", seit firolooch Bert Niesters. Neffens in oare firolooch, Louis Kroes, moat de 2G-regel sa gau as mooglik ynfierd wurde: "Met het 2G-systeem kun je gericht voorkomen dat ongevaccineerden, die het meest kwetsbaar zijn, in grote bijeenkomsten belanden. Het biedt bescherming en is geen aantasting van een recht."
06:48

Mentale sûnens net-faksinearre minsken rint werom

Ut ûndersyk fan EenVandaag docht bliken dat de mentale sûnens fan net-faksinearre minsken efterút giet sûnt de nije coronapyk. Dizze minsken sizze twa kear sa faak dat it min giet mei harren as minsken dy't wol in faksinaasje krigen hawwe. Boppedat feriensumje sy troch de maatregels en diskusjes oer it coronafirus.
Oan it ûndersyk dienen 31.158 minsken mei. 2.536 fan harren seinen dat se net faksinearre binne.
© Omrop Fryslân
06:30

Wolkom by dit liveblog

Wolkom by dit liveblog fan freed 19 novimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.