Steaten wrakselje mei jildliening fan 95 miljoen euro oan Alliander

Provinsjale Steaten wrakselje mei in fersyk fan nutsbedriuw Alliander om it bedriuw noch dit kalinderjier in ekstra liening te jaan fan op syn meast 95 miljoen euro. Alliander hat it jild nedich om op koarte termyn de kapasiteit fan it Fryske stroomnet by de tiid te bringen.
In ferdielstasjon fan netwurkbedriuw Alliander © ANP
Dy maatregel is hurd nedich fanwege de groeiende fraach nei elektrisiteit én it ferwurkjen fan de tanimmende produksje fan griene stroom troch ûnder oare sinnepanelen.

Grut bedrach

De partijen yn de Steaten begripe dat Alliander jild nedich hat om te ynvestearjen, mar fine 95 miljoen euro wol in grut bedrach.
De liening giet yn de foarm fan in 'reserve hybride konvertearbere obligaasjeliening'. Omdat de Steaten it lestich fûnen om de konsekwinsjes fan dizze konstruksje te sjen fregen sy de akkountants fan de provinsje om in advys. Dy joegen woansdei oan dat de konstrukje goed mooglik is, mar net al alhiel sûnder risiko's.

Sels ek liene

De provinsje hat gjin reserve fan 95 miljoen euro en moat it jild ek sels liene op de kapitaalmerk, om it oanslutend wer útliene te kinnen oan Alliander. Omdat de provinsje Fryslân as in tige betroubere partij sjoen wurdt, kin de provinsje liene tsjin in bysûnder lege rinte. Alliander sil de provinsje in hegere rinte útbetelje, wêrtroch't de provinsje der wol posityf útspringe kin.
It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Likegoed hiene de politike partijen woansdei noch in soad fragen oer it foarnimmen om Alliander ekstra jild te lienen.
Steatelid Matthijs de Vries fan de ChristenUnie oer de liening oan Alliander
"Wy ha ús oardiel noch net klear", seit Matthijs de Vries fan de ChristenUnie. "Wy sjogge it maatskiplik belang, mar wolle ek goed sjen nei de mooglike risiko's."

Earder skeel

Charda Kuipers fan GrienLinks fynt it lestich dat de provinsje in skeel hat mei Alliander oer in âlde liening. "Het dispuut daarover is niet erg prettig." Deputearre Friso Douwstra beskriuwt it skeel as 'in saaklik ferskil fan miening'.
Provinsjale Steaten sille nije wike in beslút nimme oer it fersyk fan Alliander. Fierder útstel kin it net lije, want it bedriuw wol it bedrach graach op syn lêst op 15 desimber op 'e bankrekken hawwe.