Undernimmersferieningen net tefreden oer kompensaasjepakket

MKB-Nederland en VNO-NCW binne net tefreden mei it kompensaasjepakket foar ûndernimmers. Joyce Walstra, foarsitter fan MKB-Noord, tinkt dat de measte ûndernimmers net iens yn oanmerking komme sille foar de stipe.
Foarsitter Joyce Walstra fan ûndernimmersferiening MKB Noord © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It regear kundige tiisdei in pakket mei finansjele stipe oan, dy't ûndernimmers kompensearret foar de coronabeheiningen dy't dizze trije wiken jilde. Ien fan de easken om oanspraak te meitsjen op stipe, is dat it bedriuw teminsten 30 persint omsetferlies lijd hat.
Walstra fynt dy eask te heech. "30 procent omzetverlies in drie weken in een kwartaal dat haal je eigenlijk niet. Dan kom je dus niet aanmerking, maar het betekent wel dat je weer drie weken inteert."

'Arbeidskosten niet vergoed'

Boppedat soe de stipe net alle kosten dekke, leit Walstra út. "De arbeidskosten worden in het pakket zoals het nu voorligt helemaal niet vergoed, alleen de vaste lasten worden vergoed. Dat kan natuurlijk niet, want die arbeidskosten, dat is de grootste post voor de meeste ondernemers."
Se fynt dat de oerheid net genôch each hat foar de belangen fan ûndernimmers. "De ondernemers worden als een soort buffer gezien, zo lijkt het wel. Voor daar waar het in de maatschappij niet lukt om die corona onder controle te krijgen."
Foarsitter MKB-Noord Joyce Walstra
"We roepen al heel lang 'begin met die boosterprik', dat gebeurt eigenlijk veel te laat. We roepen ook al heel lang 'zorg dat je dat coronamedicijn op orde krijgt en dat dat ook in Nederland gebruikt kan worden'." En neffens Walstra wurdt dêr net goed nei lústere. "De ondernemers moeten elke keer de klappen opvangen, en aan de zorgkant zien we te weinig vaart gemaakt worden te zorgen dat dat virus onder controle komt."

Foarútsjoch

"Als het gaat zoals het nu gaat, dan zullen we deze winter, verwacht ik, toch weer van lockdown naar lockdown gaan", foarsjocht Walstra. "Dat is voor ondernemers niet meer haalbaar."
Neffens har kinne ûndernimmers eins gjin inkelde lockdown mear ha. "Het is niet meer te doen voor ondernemers. Veel ondernemers zitten zwaar in de min, eigen vermogen dat opgebrand is, studiefondsen die opgegeten zijn, huizen die verkocht zijn. Heel veel ondernemers zitten aan de grond."

'Wereld weer openzetten'

"Er is eigenlijk maar één oplossing", seit Walstra. "En dat is de wereld weer openzetten. Hoe moeilijk dat ook is. Dat zullen we verstandig moeten doen, want er is ook geen ondernemer die wil dat de ziekenhuizen vol lopen en dat wij potentieel naar een code zwart gaan."
It iepenjen fan de maatskippij biedt ûndernimmers neffens har wer perspektyf: "De enige echte oplossing uit deze crisis voor ondernemers is verdienen."