Kolleezjes Noardeast-Fryslân en Dantumadiel wolle ôf fan amtlike gearwurking

De kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân sjogge gjin mearwearde mear yn it trochsetten fan de amtlike tsjinstferliening troch Noardeast-Fryslân oan Dantumadiel. Se wolle fan 1 jannewaris 2024 ôf ophâlde mei dy gearwurking.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Mar we bliuwe goeie buorlju", sizze boargemasters Johannes Kramer en Klaas Agricola. Beide kolleezjes beriede harren no op ferfolchstappen. It kolleezje fan Dantumadiel wol de tsjinstferliening yn in oare foarm wol trochsette, it kolleezje fan Noardeast-Fryslân wol dat net.

Oare ferwachtingen

"Sear is in hiel grut wurd, mar we hiene beiden oare ferwachtingen", seit Agricola oer de breuk. It is neffens de boargemaster net sa dat Dantumadiel no aanst alles sels wer dwaan sil.
"Der binne minsken dy't it better kinne. Guon saken kinne je better oerlitte oan de merk en oare saken kinne je better by in oare gemeente ûnderbringe, dêr't al goeie ûnderfiningen by binne en dêr't it goed wurket", seit Agricola.

Undersyk

De gemeenten hiene ûndersyk útfiere litten nei de tsjinstferliening, om't yn de Sintrumregeling ôfsprutsen wie dat der yn 2021 evaluearre wurde moast. Ut dat ûndersyk docht bliken dat beide gemeenten net tefreden binne oer de hjoeddeiske tsjinstferliening.
"It bestjoer fan Dantumadiel sit hiel ticht op de minsken en stjoert hiel bot op it detail. Wy sitte op in oar skaalnivo te aktearjen. Je fernimme dat dat gewoan safolle friksje jout yn de organisaasje", seit boargemaster Kramer dêroer.
Beide kolleezjes freegje de gemeenteried om it kolleezjestânpunt te stypjen. Op basis fan de riedsgearkomsten wolle de kolleezjes de ferfolchstappen bepale.